In aktueel fers fan Edwin de Groot



Rixt – Frysk dichterskollektyf
Frysk dichterskollektyf
hoe’t de wrâld derhinne leit is Jan Kooistra syn twadde moannegedicht fan maaie 2020

hoe’t de wrâld derhinne leit dat in famke foar in stikkensketten rút sachtsjes sit te gûlen yn in romte dy’t ienris yn in hûs de keamer wie dat in frou nei dat famke sjocht troch de gatten yn ’e muorre en de hongerpine fan har berntsje fielt is hoe’t de wrâld derhinne leit dat in oerbosk yn in dei of tsien feroaret yn in deade flakte en fisken fersûpe yn plestik en pestisiden dat in bytsje tsjeaf yn ’e bak bedarret mar in gruttenien yn pracht en praal libbet en ús syn wetten stelt is hoe’t de wrâld derhinne leit dat in firus om him hinne slacht as in hongerige wolf, miljoenen behimmelet en wy as earme skiep lamslein binne dat lucht en loft skjin en helder wurde bisten wer komme doarre op âlde grûn wy ús besauwe en der neat fan leare sille is hoe’t de wrâld derhinne leit dat wy aanst wer foar in pear rotterige sinten nei lúkse oarden fleane oer stjerrende oseanen en folle krottewiken dat in mankelike skriuwer foar it rút stoarret nei de heuvels yn ’e fierte him omdraait, dan dy iene sin betinkt is hoe’t de wrâld derhinne leit
“Ik ha oait in kear by Bartle en syn frou foarlêzen, yn de tún, mei Elmar en Remco, Sytse en Sito û.o. Wol 12 jier lyn as it net langer is. Sûnt ik wer yn Snits wenje is de Griene Dyk in favorite fytsrûte fan my en dan sjoch ik altyd nei syn tún. (Sjoch ek de foto en myn gedicht Transfytse fan 13 juny 2019 op Rixt. Dat is dêre).”

ik mocht dêr ienris foarlêze simmergrien op bleate fuotten wêze Griene Dyk - Bartle syn tún
RIXT-dichter Janneke Spoelstra wie ien fan de gasten yn Cultuur aan Huis fan 12-05-2020. It item mei Janneke begjint op 16:10. Klik op ‘e foto.
Lês hjirûnder it fers dat se foarlies.
Sykje nei in faksin Foardat oaren ek wisten dat ik dichter wie, learde ik in fak en troch in mikroskoop it grutte yn it lytse te sjen immen rôp: ‘kom hier es, is dit in bacterie of een virus?’ ik tocht altyd: hoe sjogge se ús? en learde hoe’t se diele, flugger as Facebookberjochten har ferspriede úteinlik wie Slauerhoff ek dokter wurden en Leo Vroman biolooch mei omkearde hannen siet ien oan ’e knoppen en de learaar sei: ‘hee, hoe melke se de kij by jim op ’e pleats?’ lytse-bistjes-boeren wiene wy, gjin opbringst oars as op lytse skaal, ien sei: ‘as ik oan al dy aminosoeren yn myn liif tink, dan knap ik hast! en ik knope it yn ’e earen dat in professor sei: ‘óárloggen wurde troch mikro-organismen besljochte,’ gôh, tocht ik doe, miskien, tink ik no, kinne se der ek troch ûntstean, soms bin ik deabenaud en dan haw ik noch net iens koroana wy wiene thús noait net sa tuterich, mar mem, o, mem, wat wol ik dy no graach in tút jaan, al wiken is myn grutste eangst dat ik dy’t my it libben joech, it libben ûntnimme soe en wylst wy ús elk yn ús eigen sel opslute, hát in firus net iens in selwand, in firus nimt gewoan de kontrôle oer, yn ’e gasthear-sel ja, ik wit in bytsje fan wat der omgiet yn ’e grutte lytse wrâld, it wie in nommel fak dat ik learde, mar doe’t de wurden hieltyd lûder rôpen, waard ik stadich mear de dichter, en soms freget immen of eat om in fers, sa’t Fedde Schurer skreau: ‘in dichter is in minske dat in fers skriuwt as syn folk derom freget’, no ja, hy skreau fan ‘fint’, net ‘minske’ it is mar wat jins ropping is myn broer loadst einepiken de krisis troch nei de sleat en wat is de ropping fan de eamelders dy’t út alle kieren ûnder de flier wei komme, as talkshowgasten, se fleane by de ruten en de muorren op en dan steane nóch 90 fan de 100 fleanmasinen oan ’e grûn wat gjin aksjegroep slagge, krijt sa’n skytminiskúl dieltsje dna of rna klear, oft dat no syn ropping is of net en skjin is de loft, as desennia lyn doe’t ik in fak learde, miskien as ik der yn trochleard hie, wurke ik no oan in faksin, miskien hie ik jimme dan rêde kinnen, miskien makket in gedicht in hiel lyts bytsje ymmún
It Oardelskonkje is in nije dichtfoarm dy’t koartlyn yn it libben roppen is troch dichter Syds Wiersma, dy’t de ferliking makke dat wy hjoed-de-dei reizgers op oardel skonk wurden binne. It fers hat dêrom “oardel skonk” mei twa strofes, dêr’t de earste tsien wurden hat en de twadde fiif. Fierders is it frij oan de dichter de ynfolling te jaan oan it Oardelskonkje.
Ein april nûge RIXT elkenien út om mei de foarm te wurkjen, boartsjen en dichtsjen. Dat hawwe minsken ek dien – en it resultaat kinne wy hjoed presintearje op RIXT har alderearste Oardelskonkedei mei mar leafst tolve Oardelskonkjes fan de dichters Elmar Kuiper, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Yva Hokwerda, Elly de Leeuw, Inne Bilker, Simen de Jong, Henk Veenstra, Ytsje Hettinga, Dirk Geerdink, Anne Heegstra en Ypie Bakker.
Elmar Kuiper
ik ha ús frijheid opmetten
mei in tomstôk en kaam
net fierder as in meter
Gerrit de Vries
de opperpoaier yn it tuorke
set kassafammen efter pleksyglês en
âlderein as hoeren efter ruten
Carla van der Zwaag
de hiele wrâld is betsjoend
troch koroana syn glûpende set
wannear komt prins te tútsjen?
Elly de Leeuw
bûtendoar baarnt de sinne
yn de maitiid fan dit koroanajier
binnendoar baarne allinne
de triennen
Inne Bilker
mem en heit setten my
yn ’48 op de wrâld
harren bydrage
oan de weropbou
Yva Hokwerda
babbelegûchelst as ‘ynfloedster’
oer wrâldwiid myselium
fleizich ferwege dyn poddestuollelipkes
popke, ik ha leaver
oesterswam
Simen de Jong
wy grutte minsken
binne ûnderweis
te fangen troch it lytse
wat ús fiert nei fierder
Henk Veenstra
sa stil op strjitte
elkenien bliuwt binnen
drok mei alles
mar harkje...
alle fûgels sjonge
Ytsje Hettinga
oardelmeter by my wei
bist tichterby as yn al dy
jierren dat we
ferfrissele leine
Dirk Geerdink
frijheid om te witten en it witten witte te litten
fan dy hearre te litten
Anne Heegstra
fan juster, hjoed en moarn
sammelet it libben de siden
de dea bynt it boek
Ypie Bakker
begearich setst de tosken
yn farske fastfoodfersen
se folje goed
mar sêdzje docht it net
It gedicht QED skreau de ferline wike ferstoarne Bartle Laverman yn ferbân mei de útstalling Skjin Laai, yn 2018.
QED guon wol ha de romte tusken de wurden dêr wennet de Leechte marsamaklik lititûneinigeharnetferrifelje!! guon sizze yn it allerearste Begjin wie der it Wurd út it Alles of Neat waaide samar dat Wurd en it Wurd makke de dingen oaren miene it Wurd is sels in ding en ja hear bij mij is it in klank of in foarm ik tink dat wij de Leechte ek Alles of Neat neame meie of God of de Dea in oare kear sûnder haadletters
Nei oanlieding fan it ferstjerren fan dichter Bartle Laverman skreau Geart Tigchelaar in fers, net om’t er Laverman persoanlik kennen hat (op ien of twa koarte moetings en in inkeld e-mailtsje nei), mar om’t er sa troffen wie troch it byld fan de man dy’t in blokje om soe mei de hûn, mar net wer yn ’e hûs kaam.

in lêste blokje om mei de jas los it stabijke fêst in lêste blokje om yn it waar sjen is mar sa’n útdrukking dy’t skientme fan beam wolkens gers grien om hûs en hear teneate docht it is it each dat de glâns heint of krektoarsom de glâns leit yn dat wat it each net sjocht it hûntsje lûkt de rikketik tikket foar it lêst yn ’e fersen jimmeroan in blokje om