Edwin de Groot

Edwin de Groot, hikke en tein op it Hearrenfean en berne út twa Oertsjongerske bloedlinen. Hat sa de meartaligens mei de breileppel ynjûn krigen en publisearret yn it Frysk en it Nederlânsk. Gedichten steane yn û.o. Hollands Maandblad, Nieuw Vlaams Tijdschrift, Ensafh en De Moanne. Trije Fryske bondels en ien twatalige bondel krije yn 2018 selskip fan in folsein Nederlânske bondel.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘In reden om mei te dwaan mei RiXt is dat dit kollektyf sa divers is kwa dichters dat it dêrtroch in poadium wêze kin foar alle aspekten fan ús deistige libben en sa wer in ûnderdiel wurdt fan datselde deistige libben.’


Ynstjoerde gedichten:

Besef fan gemis (maaie 2018)
Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal (18 novimber 2018)
Oer saken dy’t noait fergean (14 jannewaris 2019)
Bestean en net (6 maart 2019)
Op de poalen is it (noch) kâld (26 maart 2019)
Wat mear tuike oan, net ôfstappe (29 maart 2019)