Ik bin berne yn 1966 as helte fan in twaling. Op in pleats oan ’e Slachte by Lollum. As bern doarme ik graach troch de fjilden en friet boeken. Nei ús trouwen ferhuzen wy nei Achlum en krigen trije bern. Foar ús bern betocht ik ferhaaltsjes en rymkes foar it sliepen gean. Dy ferhalen en gedichten sieten yn ’e holle, opskriuwe kaam der net fan. It is pas fan de lêste tiid dat ik koarte ferhaaltsjes en fersen opskriuw en lêze lit. De reaksjes dêrop binne foar my in stimulâns om troch te gean. Ik ha in oantal skriuw- en dichtkursussen folge en wol my graach fierder talizze op it dichtsjen.
Ynstjoerde gedichten
Teraand
Fergetten gongen (16 april 2019)
Fûgelfrij (maart 2020)
TERAAND It wie op sa’n dizige maitiidsmoarn dat inkeld it âljen fan in ko de mankelike stillens ferbruts In grize wale riisde út de sleatten omheech dêr’t de sinne besocht troch it griis te brekken ferskeaten de greiden fan donker nei ljocht Troch it grienglânzgjende wrydsk mozayk slingere steatlik de âld slachtedyk Werom, yn tinzen fersonken ferdize as mist op in maitiidsmoarn myn bernetiid in hânfol ferhalen Dreamen ferfleagen en sloegen del as sulveren kralen op hillige grûn teraand mei ’t lânskip. © Ypie Haitsma-Bakker