It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

It ritme fan RIXT – 50 selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT

Yn 2023 bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op de kaart sette woe. Op dit stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.

By gelegenheid fan it earste lustrum komt RIXT, yn gearwurking mei útjouwerij Louise, mei in jubileumbondel. It is in seleksje út fiif jier poëzy by RIXT. De measte gedichten yn de bondel binne publisearre op de RIXT-webside of skreaun foar projekten organisearre troch RIXT. Fyftich dichters hawwe fersen foar de bondel oanlevere. In eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) hat de fersen foar de bondel selektearre. Fan alle dielnimmende dichters is ien fers opnaam. De bondel jout in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. It is in kaleidoskopysk byld fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.

De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n 30 dichters, muzyk en dûns. Lokaasje is Theater De Bres yn Ljouwert, tiid fan 13.30 oere oant 22.00 oere. Op trije sneinen dêrnei (8, 15 en 22 oktober) sil it boek ek presintearre wurde op in rige dichtersmiddeis, dêr’t dichters yn wikseljende groepkes optrede sille, mei oandacht ek foar muzyk en byldzjende keunst. Lokaasjes Grou, Ouwe-Syl en Nijelamer.

—————————————
It ritme fan RIXT
140 siden
Hurde omslach mei heal linnen rêch
€22,50
Utjouwerij Louise

Mear ynformaasje as in resinsje-eksimplaar:
Utjouwerij Louise / Eddy van der Noord 06-54983002
Frysk Dichterskollektyf RIXT / Syds Wiersma 06-38018355

Stilte foar de stoarm

In gedicht fan Lara Kool-de Vries.

Foto: Lara Kool-de Vries

 

 

it is wynstil
dýnstil
sis dochs wat
bestean ik wol?

driigjend as de nacht
do witst
wat ik net wit
yn stilte leit macht

hoe stiller oftst bist
hoe lûder ik wurd
healwiis op ‘e syk
nei wurden
dy’t fertelle dat ik noch bin
wylst ik mysels wei jou
oan it tsjustere gat fan

foar de stoarm

foar altyd dyn-
Ssshhhh

ûntstien

Ypie Bakker is dichter fan de moanne augustus by RIXT. Har twadde moannegedicht is ûntstien.

Ypie Bakker: ‘Dit fers ha ik by bygeande bylden makke foar de eksposysje: ‘De weg naar het beeld’, fan Staal en Steen.’

 

ûntstien

alles wie al
besletten yn stien

it bern foetus noch
beferzen yn de memmeskurte

it famke ferstille
fossyl fan ferlerne tiid

de brekbere frou in dame
kwetsber mar krachtich

se wachten

do seachst en trochseachst
fieldest en foarmest

haktest hurdens fuort
rasptest rauwe rânen flak

swierte waard lichter
ballast waard stof

blaasdest it fuort
der foel in lêst fan dy ôf
it wie folbrocht

dame, famke
bern yn ’e knop
glânzen yn ’t ljocht

Foto’s Ypie Bakker

op de Swetteblom

Ypie Bakker is dichter fan de moanne augustus by RIXT. Har earste moannegedicht is ‘op de Swetteblom’.

Foto: Ypie Bakker

Duorsumens en frijheid stiet heech yn it findel op de ekologyske camping de Swetteblom. Werom nei de basis is dêr it kredo. Yn de wenwein fan Syds Wiersma (dy’t op dat momint yn Ierlân siet) hope ik wat ynspiraasje foar gedichten op te dwaan.

Ypie Bakker

op de Swetteblom

swijt de tiid
is stilstân
foarútgong

en it gers
griener
by buorman

weidzje de kij
earmerkfrij
hinget poëzy

op it húske
hoecht de doar
net op slot

weagje ik
myn wurden
fan glês

raant it iis
hurder as
ik slikje kin

Einstasjon

 

‘Einstasjon’. fan Lara Kool-de Vries.

Foto: Lara Kool-de Vries

Einstasjon  

In trein fol minsken
wurdt in romte fol gedachten
in fleach fan fielen
we binne mei-inoar ien

Elts mei in eigen rûte
in eigen bestimming
har eigen doel
guon foarút, guon efterút
Mar no allegear
tafallich op itselde stuit
Ien momint yn ’e tiid

In trein fol mei minsken
op folle krêft
En doe…
Wiesto dêr
Woest der ek graach by hearre
mei dyn eigen gedachten
dyn gefoelens krekt as uzes
ûnwittend fan de krêft yn dy

Foar in trein fol minsken
Derfoar
Net deryn
Koest der nea mear by
Allinnich mar der omhinne
Derûnder
Ferspraat…

De minsken yn ’e trein
Stoarje foar harren út
Wiest mar gewoan ynstapt
Mei in oare einbestimming

Asjebleaft

Lara Kool-de Vries makket har debút op RIXT mei it fers ‘Asjebleaft’.

Foto: Lara Kool-de Vries

 

Asjebleaft

Krekt troud
in nestke boud
fielde dyn siel yn my

Dan krampen,
bloed… en dy
it is foargoed foarby

SLACH yn myn búk
TRAAP yn myn búk
in foet en noch in fûst

Fertel my dochs
do fieldest it net
hast der trochhinne koest