De bui [dei 0]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Yn augustus is Cornelis van der Wal Dichter fan de moanne. Hy hat it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke moarn mei fierder giet. As ‘Rigel fan Rink’ is der keazen foar: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

It groeien fan it gedicht, dat de namme ‘De bui’ krigen hat, kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere. Dêrnei wurdt op ’e webside fan RIXT in deiferslach en de nije strofe pleatst.

Foto: Geart Tigchelaar
De bui

De mar nimt de bui net
en do joust gjin antwurd.
Boppe ús beiden driuwe
wolken dy’t gûle wolle.

De redenen / De redenen

De redenen / De redenen is Kate Schlingemann har twadde moannegedicht fan July 2020.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

De redenen

Misschien zijn hier
de dijken hoger
de meren dieper
de wegen langer
de velden weidser,
de ademruimte als de lucht
schoner, groter

dat mensen als vanzelf
afstand houden

-wat handig is soms
als na de eerste golf
een tweede komt
maar echt-

we mogen wel vaker
nieuwe andersheden
met inachtneming van
1, 5 meter open-armenbreedte
welkom heten.

© Kate Schlingemann

De redenen

Faaks binne hjir
de diken heger
de marren djipper
de wegen langer
de fjilden frijer,
it azemrom as de loft
skjinner, grutter

dat minsken út harsels
ôfstân hâlde

-wat handich is soms
as nei de earste weach
in twadde komt
mar echt-

wy meie wol faker
nije oarsoartichheden
mei ynachtnimming fan
1,5 meter iepen-earmbridte
wolkom hjitte

Oersetting: Syds Wiersma.


Die redenering

Miskien is hier
die dyke hoër
die mere dieper
die weë langer
die asemruimte soos lug
skoner, groter

waar menste vanself
afstand wil hou

-wat lastig is soms
as na die eerste golf
’n tweede kom
maar dan eg?-

Ons mag mos meer
nuwe andershede
met inagneming van
anderhalf armbreedte
welkom heet

Oersitting: Hans Bosch

Wie vertelt de boer / wa fertelt de boer

Kate Schlingemann is Dichter fan de moanne july by RIXT. Wie vertelt de boer / wa fertelt de boer is har earste moannegedicht.

 

Foto: Geart Tigchelaar

 

Wie vertelt de boer

Wit als melk, groen als gras,
kinderen willen ‘t liefst
dat alles blijft zoals het was.

Wie vertelt de jonge boer
hoe erf en land, zee en lucht, dier en plant,
onszelf bewoont, dat alles
met elkaar samenhangt?

Wie zal de jonge boeren leren
dat het boeren zoals nu,
daarna de stemming in het land
en uiteindelijk het klimaat
zich tegen hen
en iedereen zal keren?




Wa fertelt de boer

Gers sa grien, molke sa wyt,
bern wolle it leafst
dat alles bliuwt sa fierder giet

Wa fertelt de jonge boer
hoe’t hiem en lân, see en loft, plant en bist,
ússels bewennet, dat alles
mien is der oars wat mist?

Wa sil de jonge boeren leare
dat it buorkjen lykas no,
dêrnei de stimming yn it lân
en ta einbeslút it klimaat
har tsjin harren
en elkenien keare sil?

Oersetting: Geart Tigchelaar, Syds Wiersma

De takomst fan BF Nederlân

It tredde moannegedicht fan juny 2020 fan Geart Tigchelaar

Foto: Geart Tigchelaar

 

De takomst fan BF Nederlân

natoer hâldt op te bestean dêr’t in minskehân
delstrykt earst leaflik al gau ta in fûst slacht alles
lytsman is nimmen mear yn it lân dat gjin lân is
fersnipele knipt en plakt ta in wangedrocht en
beholden fan ’e drinkeldea mei diken deltawurken
skaad slacht del fan wynmûnen en in inkelde
helikopter dy’t de arbeiders nei en fan har wurk
yn it lân dat gjin lân mear is mar yndustrygebiet
mei grutte kavels boulân, greide, in inkelde pleats 
dêr’t gebou, dyk, auto út it stee wrotten binne
troch fabryk, sinnepark en trekker want dêr’t net
mear te libjen falt hawwe de minsken harren
te wenjen setten oer de grinzen hinne en it lân dat
gjin lân mear is opjûn oan de wolfeart allinnich
om’t wy trochfokke trochfokke trochfokke oant
it skom ús út ’e bek hinget en de fersmoarging
eksportearje yn lyts lantsje moat grut tocht wurde
mei oars net as oerbleaune boeren en opsichters
treinen binne allinnich frachttreinen frachttreinen
frachttreinen fansels draaie havens en skiphol
op folle toeren dat hoech ik dy net te fertellen
mar de natoer dan fregest hat ’m altiten rêden
dat hat altiten sa west dat sil altiten sa bliuwe
bist en plant siket mar in oar hinnekommen as
yn it lân dat gjin lân is de wrâld is grutternôch
it ferlet oan fretten noch grutter wy pompe
pompe pompe de mage fan ús ferlerne heitelân
leech oant elkenien syn of har gerak kriget
dat ommers is foarútgong en takomstbestindich

 

it blokje r

it blokje r

tedeintedeintedein
tedeinteleintlein
treintreintrein

ik haw lang socht
ûnder kast en bank

op it lêst skjin myn nocht
sa lei dêr it blokje r

no jou ik oeral sin
en wurden oan

tedeintedeintedein
tedeinteleintlein
treintreintrein

jûns sit heit op syn plak
en sjocht nei lju yn pak
dy’t sizze fan fleantúch,
nasjonaal, skiphol 
en jild hannenfol

hearst it drekst se binne
it blokje r kwyt

krekt as heit dy’t ropt kofje!
stil! sit ik te stinnen op in plan

want fan my meie se it blokje r
ha der in oeribelen soad oer

tedeintedeintedein
tedeinteleintlein
treintreintrein

se bouwe ynternasjonaal
treinspoar mei romte en natoer
brekke sa it misbaksel fan
loftfersmoarging ôf

as it blokje r troch ûngemak ferdwynt
ûnder boekekast, bank of yn stofsûger

bliuwe genôch blokjes oer
om leaf mei te boartsjen

bist
beam
plant
blom

takomst

 

Meldpunt Min Frysk

Meldpunt Min Frysk is Geart Tigchelaar syn earste moannegedicht fan juny 2020

Meldpunt Min Frysk

de fraach dy’t elk him of har
is wannear bist in brave boarger

ast fia in klikline buorlju ferlinkst
of ast dy dêr krekt oer stil

latinte nsb’ers komme oan har gerak
en steane mei it fingerke by it rút op

de lêzer moat witte ik oardielje
net hâld my fier fan regelneukers

wol soe ik drekst de tillefoan
as der in meldpunt bestie

dat strieminne Frysk dat ik út mûlen
fan myn brave meiboargers hear