De Gjalp op it Noordelijk Film Festival

Marije de Lange iepenet it Noardlik Film Festival – foto: Lucas Kemper

Nij Frysk literêr talint krige de romte op it ôfrûne Noordelijk Film Festival (NoFF). Dêr presintearren wy tegearre mei poadium De Moanne en literêr tydskrift Ensafh de rispinge fan de earste Gjalp. Marije de Lange, Myrte Marije Veenbaas, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Ruerd Smaling, Tamara Feddema, Erik de Boer, Remco Kuiper, Sina Keuning en Anne Fie Salverda krigen in poadium mei harren foardrachten en literêre filmprojekten.

It filmfestival waard iepene troch Marije de Lange. Sy wie ien fan de winners fan de Gjalp mei it gedicht ‘Pretty up high!’. Foar in folle Fellini-seal yn stedsskouburch De Harmonie droech se har gedicht foar skreaun by fragmenten út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder.

De oare fjouwer dichters ûnder de Gjalp-winners droegen harren gedicht foar by ferskate films op it festival. De dichters hiene fersen skreaun by filmfragminten út it Fries Film & Audio Archief (FFAA). It FFAA hat dêr koarte poëzyfilms fan makke, dy’t ek as foarfilms op it festival fertoand binne .

Kinst de fiif filmkes hjir besjen op it YouTube-kanaal fan it FFAA.

Op de sneintemiddei fan it festival wie der in aparte foarstelling fan alle Gjalp-winners meiinoar. De foarstelling wie útferkocht en joech in ferskaat oan nijsgjirrige cross-overs tusken film & poëzy.

Yn 2026 komt de Gjalp mei nije calls foar Fryske skriuwers en wurdt der in literêr programma taret  foar in oar oansprekkend festival yn Fryslân. Hokker festival? Dat is noch in ferrassing.

De folgjende foto’s op it filmfestival binne makke troch Natalia Balanina.

Erik de Boer mei syn Fryske ferzje fan Kurt Schwitters’ Ursonate
Ruerd Smaling mei it gedicht ‘Mem’ by bylden út de doarpsfilm fan Sint Jabik (1952)
De dichters Remco Kuiper en Myrte Marije Veenbaas yn it publyk

 

Poëzyjûn op Sânfurd (1): Ferjittelgrûn

Op snein 2 febrewaris wie it 200 jier lyn dat in wettersneedramp in grut part fan de Súdwesthoeke fan Fryslân trof. Dêrom organisearre Stifting Sânfurd jûns in bysûnder programma yn de tsjerke fan Sânfurd. Poëzy, muzyk en sang, mei it Frysk Dichterskollektyf RIXT, foardraachster Gisela Schadenberg en fluitiste Pytsje Feenstra. Der waard ek stil stien by Gryt Witbraad, ‘dichter fan de doarpen Aldegea, Idzegea en Sânfurd’, dy’t ein 2024 ferstoar. As earbetoan oan Gryt waard by it wetter in lyts monumint mei in gedicht fan har ûntbleate.

André Looijenga wie ien fan de dichters dy’t op Sânfurd foardroech.
Hjir syn gedicht fan dy jûn.

Ferjittelgrûn

lykas in spegel, sa dof en griis as lead
as in doffe spegel leit rûnom de mar
ûnder de mar hat him it lân fergetten
oer de grûn leit it grize wiet

dit wetter is troch de diken kolke
dit wetter is oer de marswâlen spield
dit wetter is út de groppen opwâle

út djipte wei lit wetter de grûn ferjitten
rûnom it wiet, en feal de dei
de huzen, pleatsen lizze as skippen
driuwe as skippen yn de rede

lykas seelju sit men, wachtet men
stoarm net mear, mar wiete kjeld
oer jins grûnleas djippe kolken

djip is it wetter út de groppen wâle
djip út jins grûn wâlet de wanhoop op
o Heare, ha Jo ús fergetten?
skriuw yn it ferjittelboek ús net

it kâlde wiet, de doffe leaden spegel
ferjit wat efterbleau
lit yn de rede lizzen wa’t efterbleau

ûnder dit deiljocht feal as âlde himden
wachtet men de moarntiid
op Jo moarntiid wachtsje ik, och wannear?

út ús djippe kolken, út dizze grûn
wâlet it ferjitten op
ien mar waard dit lân, in doffe spegel

spiel oer ús
Jo grime net, mar sjoch op ús, Jo antlit

dit wetter is oer de groppen spield
dizze puollen ha de wâl fergetten
dizze grûn hat him yn de mar fergetten
hjir spegelet ús grûn as lead sa griis

André Looijenga 2.2.2025
Betinking wettersneed 1825
Foardroegen op Sânfurd

Dielnimmende dichters

jou my dyn wurd

By de twa poëzijmiddeis yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’. Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west. Hjoed it gedicht ‘Jou my dyn wurd’ dat Tanja van Abbema gearstald hat.

Foto: Bauke Terpstra

jou my

út opfleanend reinbôgewetter
in grouwélige ûnwaarsfûgel
fersteure balstjurrich myn natuerrêst

yn ’t pypskoft bûtenút
by de beam yn ’e sompe

dêr’t Trip ús Fryske stabij útfanhûs
wie gjin ferdivedaasje rûnom hiem

tusken flagge en greppel

helle hurde wyn oan ta stoarmwyn
en it petear tsjin bline doarren feroare
yn ôfwaaid praat:

        die groeipijn duurde langer
        in de schaftwagon van kunstmatige houtnerf
        straalt haar tactiliteit milde agressie
        gedachtenkracht in doorgesluisd waeter
        vanuit kruidenrijk verspreid

wy sieten net mear op deselde golflengte

yn de ljochtspegeling oer swart wetter
sprutsen enoarme skieppetsiiswolken
de bjusterbaarlike sin fan ’e njirre:

yn ’e rispinge fan amper in pear abendstunden
sil in wrâld bedjerre, oan de ôfgrûn fan tiid

gelokkich oergien út harsels socht it bluisterich skepsel
wibelich in mienskip fan lykweardich bestean
en de fûgel spruts grutsk:

ja, ik sis ja, tige dank, foar dy dichter
datsto eltsenien lardearje meist mei
dyn wurd

taktiliteit

By de beide poëzijmiddeis fan RIXT yn it Tripgemaal by Gersleat op 13 en 20 oktober foarich jier koenen besikers in wurd achterlitte as bydrage oan it ‘TripOer-gedicht’.
Fjouwer dichters fan RIXT hawwe mei de ynsammele wurden te set west.
Hjoed it gedicht ‘Taktiliteit’ dat Ypie Bakker gearstald hat.

 

Foto: Bauke Terpstra

 

taktiliteit

yn ‘e jûnsoeren hokket jongfolk achter bline doarren
skaftketen lardearre mei ôfwaaid praat
hearst der net by bist net gelokkich dyn gedachtekrêft
net ôfsteld op deselde golflingte as mienskip en fûgel

nimmen wit fan sompe en greppel
it hiem bûtenút
groeipine yn houtnerven
de wrâld in grouwélige ôfgrûn

it duorret langer foar dy, bist in dreamer in dichter libbenslang útfanhûs
dyn thús in ljochtspegeling fan opfleanend reinbôgewetter
bjusterbaarlik hoe’t delten hichten wurde ast it perspektyf feroarest ast ja
seist tsjin lykweardigens, tiid en sin net bedjerre litst troch njirren fan agresje

dyn rispinge: yn wibeltwiich enoarme beam sjen dêr’t grutske
ûnwaarsfûgels skûlje foar bluisterige stoarmwyn en yn ’t pypskoft skoalbern
ferdivedaasje sykje, fryske stabij as tank balstjurrich syn geurflagge útset
poddestuollen as skieppetsyskes út krûderike blèdegrûn barste

earms omfiemje rûge bast
ûnrêst wurdt trochslûze
giet oer yn natuerrêst
sopstream brûst troch bloedstream

 

 

Foarstelling Rozige Maanvissen

 

De foarstelling Rozige Maanvissen komt der oan. De ôfûne wiken hawwe dichter Sytse Jansma mei Johannes Terpstra (marimba, slachwurk) en Sietske Trinks (saks) tiid bestege om te ûndersykjen, te eksperimentearjen hoe’t poëzij út de lyknammige bondel op it poadium wurkje kin. Se hawwe besteande muzykstikken útsocht, nije stikken skreaun en ymprovisearre om te sjen hoe dy twa dissiplines elkoar fersterkje kinne. Underwilens is der ek in poadiumbyld makken en is it regisearre ta in gehiel. En no wolle se graach de útkomsten fan it makproses mei it publyk diele.

Se hawwe der foar keazen om dizze foarstelling yn fasen te ûntwikkeljen. Dêrom spylje se de foarstelling no earst trije kear, nammentlik op…

10 novimber, 20.00 oere
Fabuch, Galhoeke 8, Koartehimmen (try-out)
tickets via: https://fabuch.nl/nieuws/

12 novimber, 13.30 oere
Theater Sneek, Snits
tickets: https://theatersneek.nl/voorstelling/sytse-jansma-i-s-m-noorderwind-muziekproducties-rozige-maanvissen-noorderkerkconcert/

24 novimber, 17.00 oere
Explore the North, Ljouwert
tickets: https://explorethenorth.nl/event/sytse-jansma-rozige-maanvissen-2/

Komst ek del?

Oer de foarstelling

Rozige maanvissen is een interdisciplinaire voorstelling over rouw. Een aangrijpende zoektocht naar troost, acceptatie en het leven. Vrije improvisaties wisselen zich af met levenslustige tango’s en serene koraalmelodieën. Een voorstelling waarbij klanken van marimba, slagwerk en saxofoon op zo’n manier samensmelten met poëzie dat ze nieuwe perspectieven bieden op een zwaar beladen onderwerp als de dood.

Deze productie is een samenwerking tussen Noorderwind Muziekproducties en dichter Sytse Jansma. De gedichten in de voorstelling komen uit de gelijknamige dichtbundel Rozige maanvissen van dichter Sytse Jansma. Deze bundel is bekroond met de C. Buddingh’-prijs, voor het beste Nederlandstalige debuut van 2024.