Gerrit de Vries (Ljouwert, 16 maaie 1969) is opgroeid yn Menaam. Nei it Christelijk Gymnasium yn Ljouwert ferhuze er nei Delft om dêr in stúdzje Mijnbouwkunde en Petroleumwinning te dwaan oan de TU. Hy behelle in Yngenieurstitel (spesjalisaasje Yngenieursgeologie) en gie oan it wurk as GIS en database spesjalist. Sûnt 2007 stjoert er in lyts bedriuw oan dat spesjalisearre is yn wrâldwiid offshore geotechnysk ûndersyk.
Gerrit hat him nei syn stúdzje te wenjen set yn Schiedam, wêr’t er no noch wennet mei syn beide bern. Fersen skriuwe docht er sûnt 1989. Hy publisearret de lêste jierren poëzy yn it Frysk literêr tydskrift Ensafh. In bondel is op kommendewei.
Ynstjoerde gedichten
Krapte (maaie 2018)
Oer minsken en bargen (24 maaie 2018)
Neitins (4 jannewaris 2019)
Semana Santa (19 april 2019)
Oer kanarjes (30 april 2019)
Oester (28 juny 2019)
Wat wit ik fan dizze wrâld (17 oktober 2019)
2020 koroanawurdlist (april 2020)
Poilvache (maaie 2020)
KRAPTE yn tiden fan brânje krapte hâldt elk fan keunst en literatuer it hat wat wreed poëtysk skoans jins pantsje jirpels op te waarmjen mei in fjoer fan fersen oer ierappels of ierappeliters en op it húske hat men wat te lêzen leafst in goedkeape druk mei rûch papier dat feit faaks nofliker en better as in e-reader wat is mear wurdich wat wurden of in skjinne naad it kostet inkeld wat dreamen oer ivige rom yn tiden fan dwylsinnigens krapte oan sûn ferstân lis dan ta nut fan ’t algemien yn in KH desnoads in stedsferwaarming oan stek dan de brân yn bergen boeken lêzen wurdt der dochs al net útsein troch dyjingen mei ferheven dreamen © Gerrit de Vries