hoe’t de wrâld derhinne leit is Jan Kooistra syn twadde moannegedicht fan maaie 2020

hoe’t de wrâld derhinne leit dat in famke foar in stikkensketten rút sachtsjes sit te gûlen yn in romte dy’t ienris yn in hûs de keamer wie dat in frou nei dat famke sjocht troch de gatten yn ’e muorre en de hongerpine fan har berntsje fielt is hoe’t de wrâld derhinne leit dat in oerbosk yn in dei of tsien feroaret yn in deade flakte en fisken fersûpe yn plestik en pestisiden dat in bytsje tsjeaf yn ’e bak bedarret mar in gruttenien yn pracht en praal libbet en ús syn wetten stelt is hoe’t de wrâld derhinne leit dat in firus om him hinne slacht as in hongerige wolf, miljoenen behimmelet en wy as earme skiep lamslein binne dat lucht en loft skjin en helder wurde bisten wer komme doarre op âlde grûn wy ús besauwe en der neat fan leare sille is hoe’t de wrâld derhinne leit dat wy aanst wer foar in pear rotterige sinten nei lúkse oarden fleane oer stjerrende oseanen en folle krottewiken dat in mankelike skriuwer foar it rút stoarret nei de heuvels yn ’e fierte him omdraait, dan dy iene sin betinkt is hoe’t de wrâld derhinne leit