Foto: Piet Douma
Elmar Kuiper skriuwt, tekenet, skilderet en filmet. Syn wurk waard nominearre foar de Fedde Schurerpriis (Hertbyt, 2004), de Buddingh prijs (Hechtzwaluwen, 2010), de JC Bloem prijs (Ruimtedier, 2016) en stie op ’e shortlist fan de Piter Jellespriis (Hiemsiik, 2015). Hy wûn fjouwer kear in Rely Jorritsmapriis. Yn 2017 ferskynde de Dútske bondel: Da scharwenzeln spottvögel mit der schwerkraft, oerset troch Stefan Wieczorek, by útjouwerij Edition Virgines, Düsseldorf. It giet om in seleksje fan 60 fersen út de seis reguliere bondels dy’t oant no ta ferskynden. Yn 2018 ferskynt de yntime bondel Stienkeal: De foetus dy’t stoar yn it limoer fan ’e mem, waakst ûnder Elmar Kuiper syn hannen.
Oer Hiemsiik: ‘Kuiper slikket as in hûn oer in rau steed. Leafkjend en fersêftsjend wol er de dingen minder slim meitsje as dat se binne’ (Geart Tigchelaar, Ensafh); ‘It is benammen dy konsekwinte, izersterke styl dy’t fan Hiemsiik in boppeslach makket’ (Abe de Vries, FD); ‘Wat in earlike en komplete bondel’ (Eppie Dam, LC).
Ynstjoerde gedichten
Fakman (maaie 2018)
Likegoed (oktober 2019)
Mem Ganges (12 jannewaris 2020)
In snjit joadium (24 jannewaris 2020)
Gers en snert (30 jannewaris 2020)
FAKMAN ik hie leard om in oar te ferdôvjen mei guod dat de geast nuet makke en mocht de doar fan ’e separear op ’t slot dwaan ik wie goederleausk en hie in serieus petear mei in jonge dy’t wei fan Nirvana wie ik liet him moai gewurde doe’t er him suf blowde en duct tape op ’e stopkontakten die ik hie leard om in oar yn syn wêzen te litten lykas de frou mei de ridel yn de kont, dy’t net op ’e moade en meager as in wynhûn har antlit hielendal ûnder de stront smarde ik wie in fakman en hie myn beropsgeheim, rabbe net oer de feteraan mei Afganistan yn ’e holle, dy’t bûten it sicht fan ’e mienskip syn fatwa útspruts en kûgels op my ôffjurre ik fielde my net oansprutsen doe’t in oare man yn ’e time out keamer as in fjildkat om him hinne seach en rôp: o Heit yn ’e himel, yn jo hannen betrou ik myn geast út: Stienkeal, Bornmeer 2018