Jan Kooistra is yn 1959 berne yn Wâlterwâld. Op it stuit wennet er yn Anloo en wurket er yn Warffum. Hy hat redakteur west fan it Frysk literêr tydskrift Hjir en fiif dichtbondels op syn namme. Yn 1981 ferskynde syn debútbondeltsje Ballads, in bibliofyle útjefte en yn 1984 syn earste, echte bondel De sulveren apels fan de moanne. De taal yn beide earste bondels is benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Yn 1992 ferskynde Dame fan myn dagen en yn 1998 Gershipper. Yn 2014 ferskynde syn lêste bondel Blues fan ‘e sângrûn by útjouwerij Wijdemeer.
Ynstjoerde gedichten
Werom út Fryslân (maaie 2018)
Dûkelmantsjes yn Firenze (25 juny 2019)
Sizzen is neat (12 novimber 2019)
Balloërfjild (27 novimber 2019)
Bandeleas (maaie 2020)
Hoe’t de wrâld derhinne leit (maaie 2020)
Northern sky (5 jannewaris 2022)
WEROM ÚT FRYSLÂN en se seit: wat hast sjoen leafste en ik sis: mûzefalken yn alle tinten ljochtbrún, hazzenút, buffelkleur op pealtsjes of parmantich yn it lân en buordsjes met de hân beskreaun dy’t nei pleatsen wize foar Bildstar of Irenes en hekkelhûden stjerrend yn ‘e barmen, meanmasines fan stynske weet en ferlitten bougrûn mar minder kij as in moanne lyn oh ja, en skiep, in hiel soad skiep mei reade rêgen reade? seit se, sichtber kjel wurdend och, sis ik, ’t is niks, it wol sizze dat it sie wer struid is en de dea wer smoard is yn de kym hè? seit se en ik sis: kom, wy geane ik ha sin oan laam en geitetsiis