Yva Hokwerda is dichter fan de moanne Juny by RIXT. Dit is har earste moannegedicht.

Transfytse { yn it lân fan Loaiïngea, dêr'tst simpelwei de Oerdyk nimst en komst op de Ivige Leane } 1 Dy’t my fytsen sjocht - achtsjend om Snits de greiden en lege mieden tuskentroch, oeral it lânskip lêzend en “rotkat!” razend tsjin ’e stikeme slûpmeunsters dêr’t kattefroulju sa graach oer meie, jûns oerhinne aaie wylst dy kringen fan poekys dernei nachts te pikefretten meie - moat witte: dêr gûl ik net om. Dy ’t my dêr fytsen heart moat witte: ik bin it net. Op dy fyts is myn stjoer in lûdleaze mûs, myn seal de stoel foar myn buro yn in kantoar fan gjin ferskil mear te meitsjen, omdat nimmen sjonge doart, it laitsjen smoart, it pypfol praten dimmener is en wurden mûskefeal- Op dy fyts heart myn oerstjoer gjin fûgels mear, as earen sûzje troch stiltes fan beton yn súntsjes folgetten kannen en kruken, te swier fan de mei-oan-naaide earen om de besletten ynhâld noch te fetsjen. Dy ’t har fytsen sjocht achter myn sinnebril - moarnsier by ’t skimerjen al opset tsjin de miggen, fansels - in kromme achte út, in âlde five fol nije huzen bydel - prachtich frijsteand yn ’e rigele en mei de boat yn ’t útgroeven wetter foar de doar - moat witte: dêr bin ik net. Dit is wol myn seal, mar ik moat noch thúskomme - yn in inkele krûderike berm kinst net noflik lizzen gean, loai yn ’t gea - en ik ha se noch net fine kind, de wiere rintmasters, de tûke froulju de werklik wittenden hoe’t it komme moat. Dy’t my fytsen heart mei witte, ik bin it net omdat ik gûl om it boartsjen fan de hazzen yn it lân en jachtsjend yn myn sykjen bin nei de Griene Dyk Yva Hokwerda Twadde Pinksterdei 2019
1 Refrein út it fers Loaiïngeaster Leafde op fers2