formule ien

Dit gedicht is ûntstien, doe’t Beart Oosterhaven (70) yn ’e foarsimmer fan 2025 troch de Ardinnen yn België ûnderweis wie nei syn fakânsjebestimming yn Lúksemboarch. Hy kaam doe by it sirkwy fan Francorchamps lâns, dêr’t de Belgyske formule 1-autokoereur Jacky Icks yndertiid goede útslaggen riden hat. Jierren letter die de Nederlanner Max Verstappen (‘ferstapt’) itselde.
It fers hat in universeel tema: de wiffens fan it minsklik bestean yn relaasje ta risiko’s nimme en it âlder-wurden. Dy ‘wiffens’ koe neffens de dichter wolris de ‘formule ien’ fan it libben sels wêze.

formule ien

hellet de dea
my
of it libben

yn ’e race
fan hjir nei dêre
sa’n tachtich rûntsjes

oan jierren op it
francorchamps fan ’e tiid
en grint rûnom

(m)y = jacky icks kwadraat
broem, broem, broemend
nei de finish

mar
’k haw my al ferstapt
it gas bleau hingjen

ik crashte op ’e harsens
yn ’e grintbak
fan myn bernskens

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *