It Oardelskonkje is in nije dichtfoarm dy’t koartlyn yn it libben roppen is troch dichter Syds Wiersma, dy’t de ferliking makke dat wy hjoed-de-dei reizgers op oardel skonk wurden binne. It fers hat dêrom “oardel skonk” mei twa strofes, dêr’t de earste tsien wurden hat en de twadde fiif. Fierders is it frij oan de dichter de ynfolling te jaan oan it Oardelskonkje.
Ein april nûge RIXT elkenien út om mei de foarm te wurkjen, boartsjen en dichtsjen. Dat hawwe minsken ek dien – en it resultaat kinne wy hjoed presintearje op RIXT har alderearste Oardelskonkedei mei mar leafst tolve Oardelskonkjes fan de dichters Elmar Kuiper, Gerrit de Vries, Carla van der Zwaag, Yva Hokwerda, Elly de Leeuw, Inne Bilker, Simen de Jong, Henk Veenstra, Ytsje Hettinga, Dirk Geerdink, Anne Heegstra en Ypie Bakker.
Elmar Kuiper
ik ha ús frijheid opmetten
mei in tomstôk en kaam
net fierder as in meter
Gerrit de Vries
de opperpoaier yn it tuorke
set kassafammen efter pleksyglês en
âlderein as hoeren efter ruten
Carla van der Zwaag
de hiele wrâld is betsjoend
troch koroana syn glûpende set
wannear komt prins te tútsjen?
Elly de Leeuw
bûtendoar baarnt de sinne
yn de maitiid fan dit koroanajier
binnendoar baarne allinne
de triennen
Inne Bilker
mem en heit setten my
yn ’48 op de wrâld
harren bydrage
oan de weropbou
Yva Hokwerda
babbelegûchelst as ‘ynfloedster’
oer wrâldwiid myselium
fleizich ferwege dyn poddestuollelipkes
popke, ik ha leaver
oesterswam
Simen de Jong
wy grutte minsken
binne ûnderweis
te fangen troch it lytse
wat ús fiert nei fierder
Henk Veenstra
sa stil op strjitte
elkenien bliuwt binnen
drok mei alles
mar harkje...
alle fûgels sjonge
Ytsje Hettinga
oardelmeter by my wei
bist tichterby as yn al dy
jierren dat we
ferfrissele leine
Dirk Geerdink
frijheid om te witten en it witten witte te litten
fan dy hearre te litten
Anne Heegstra
fan juster, hjoed en moarn
sammelet it libben de siden
de dea bynt it boek
Ypie Bakker
begearich setst de tosken
yn farske fastfoodfersen
se folje goed
mar sêdzje docht it net
Sa te sjen wie der ferlet fan 👍😊
Wat in moaie rispinge!
ot ik stjerre mat
ljevver yn weelde en nogt
as mei in min sin
*
als ik sterven moet
liever in weelde en genot
dan heel erg ontstemd
Villem J. Pytters
Danke, Jacobus! Ik hie al sa’n gefoel dat it oardelskonkje âlde woartels hie 🙂
Tanke goede Syds, de dichter Snijders is bekend wurden mei ultrakoarte ferhalen. Yn Hjir ( nû. 1, 1984) ha fan myn hân trije “koartlingen” stien. Ientsje dan:
Famke mei swartlearen fingerwanten
In lokaal fan glês. Fiif menuten foar de belle. Fiifentweintich jassen fan santjin-achttjin. Der sit in famke mei swartlearen fingerwanten oan dat achter de want in stik wite bôle yt. Lytse hapkes. Elk hapke in snúfke lear.
Hjir is de haven
hjir kinst der út
fan ’t wetter tusken beakens
tekst: Meindert Bylsma
Arr. YETRIS
boekings: tel. 05188-1610 &/of 05100-23511
Myn lietekuorkes
Trije útsetkisten oan de râne ta fol mei lietsjes
haw ik yn de hôving stean
Trije dagen haw ik ûnôfbrutsen songen
ik hoegde it deksel jit net op te tillen
(Byldzjend sizzen om oan te jaan hoefolle lietsjes hja wol kinne. Sa’n famke foel tige by de feinten yn ‘e smaak)
Reinhard Verveld
Daina’s de Letse wûnderbeam
Oardelskonkje
Rivieren kronkelje en meanderje
Ferbine stêden en doarpen
Ferbergje mearkes
Ferhalen en geheimen
Harkje mar