Foto: Gatske Kraak
Janneke Spoelstra (Hijum, 1962) debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2015 wûn se in Rely Jorritsma-priis mei in gedicht. Se trede op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. Fersen fan har binne oerset yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk. Se wie fan 2002 ôf redakteur fan Hjir, en sit yn ’e redaksje fan Ensafh. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is.
Ynstjoerde gedichten:
Ljouwerteradiel is (3 jannewaris 2018)
Draaimûne (maaie 2018)
It heitejier (6 febrewaris 2019)
Fantastic plastic 14 febrewaris 2019)
Wolkom flomke (5 maart 2019)
Sykje nei in faksin (maaie 2020)
DRAAIMÛNE Twa boartersmaten sjoch ik noch geregeld, de iene is no yn Ecuador, se is op fakânsje, de oare kin ik hast beroppe, hij tinkt dat er oer twa wike dea is, ‘ik bin net yn deselde wrâld as jim’, sei er lêsten, hij yt net mear, sliept net, hij kin drokte amper mear ferneare, en ik app mei Ecuador, dat it net goed giet, oft se him noch treffe sil, gjin idee, mar dat app ik net, fansels sit se dêroer yn, de kearende app seit: ‘it is goed kut’, en stjoert foto’s mei, se binne my sa nei, oan beide haw ik iere oantinkens, hij sit by syn mem achterop by it stek fan ’e kleuterskoalle, en wij, krekt ynboargere, sizze ‘woansdeitemiddeis is er frij’ mar sels doe koe ik him al, sij rint achter har susters oan klompklepperjend nei de legere skoalle, mar har koe ik ek al, der hoecht gjin begjin te wêzen en ek gjin ein, sei Stephen Hawking, en ik googleje wêr’t Ecuador krekt leit, de ierde is in bol, ik wist it, mar it grypt my oan as hear ik it foar it earst, as ik op it skerm de ierde draaie lit, as in draaimûne, de draaimûne dy’t syn holle is, sûnt er heard hat dat it net goed komt, de draaimûne dêr’t wij yn sieten, hij op in hynder, sij en ik yn in bank, mei sa’n kleurige bal oan in elastykje, út ’e toutsjelûkerstinte, wij sûnder ein, yn ’e draaimûne, ljocht en skaad, as ik ynzoom