Simen de Jong

Simen de Jong (1942) begûn te skriuwen nei it ferstjerren fan syn heit yn 2001. Hy fûn de earste siden fan in roman fan syn heit (E.S. de Jong) en makke dy ôf. Dat waard De lêste halte. Sa ûntduts er dat er niget hie oan it skriuwen. Sûnt dy tiid skriuwt er yn it Frysk en it Nederlânsk. Syn webstek www.simendejong.nl jout in oersicht fan syn wurk. Proaza, foaral ferhalen, hat er benammen niget oan. Hy krige der trije kear in Rely foar. Hy skreau ek oer de skilder Alma-Tadema en syn dochter, de skriuwster Laurence. Yn de simmer fan 2018 ferskynt der in blomlêzing mei har wurk by útjouwer Hispel (trijetalich). Simen fynt himsels gjin dichter, mar makket wolris teksten dy’t op dichtsjen lykje. Ferline jier kaam syn bondel Prikgoed út.

Ynstjoerde gedichten
Foar korona (maart 2020)
Ferslach fan in kuier (oktober 2020)