Ik bin berne en opgroeid yn in doarp nei oan de Alde Feanen. Omdoarmje yn de fjilden of mei de skou it wetter op is wat ik it leafste die. Hiele ferhalen en gedichten fantasearre ik dan ûnderweis en jûns op bêd byinoar. It papier hellen se mar inkeldris en bewarre binne se nea. Dat kaam jierren letter pas. Doe die nei in CVA bliken, dat ik de wurden yn myn holle wol fine mar mei praten net goed mear diele koe. Lokkich slagget it my mei skriuwen op de pc al. In pear jier lyn haw ik by Tresoar in poëzijkurus fan Abe de Vries folge en koartlyn in worksjop fan Arjan Hut.
Ynstjoerde gedichten
Sekreet fan serebraal
Stil (4 maaie 2019)
Njoggentich (febrewaris 2020)
Ûngetiidzje (oktober 2020)
Headamskampen (oktober 2020)
SEKREET FAN SEREBRAAL sûnt oanset yn serebraal beskûle leit it longerjend op ’e loer oant dy neare neisimmerdei oanboazjend komt it oer benearjend ferdizenje bylden lûden ferstilje ta rûzjen en betize tinzen fâldzje it ferfleine yn in ferlamjende dize wâljende eangst wol ’k warre mar pandert eigen paad en panys komt preuveljend as los sân myn praat wylst it fluensk de flerken wuollet om ’t warleas wrakseljen hellet it my oer, lit ik my gean sûnder mear tsjin te akseljen © Anne Heegstra