Sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp

10 juny 2026: sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp!

De Gjalp hat dit jier sân ynstjoerders ta winner útroppen. Fiif foar de Gjalp ‘poëzy’, en twa foar de Gjalp ‘produksje’. Yn dy lêste kategory waard ek in oanmoedigingspriis takend oan seis studinten fan de Skriuwersfakskoalle, dy’t mei-inoar in idee foar in toanieltekst ynstjoerd hiene.

De Gjalp 2026 | Winners kategory POËZY

Remco Kuiper
Ypie Haitsma
Anders Rozendal
Gabriëlle Terpstra
Joël Huitema

De Gjalp 2026 | Winners kategory FESTIVALPRODUKSJE

Hannes Schievink
Myrte Marije Veenbaas

Oanmoedigingspriis kategory FESTIVALPRODUKSJE:

Jeltsje Abma
Mea Feenstra
Janneke Heslinga
Marleen van Veenen
Durk Veenstra
Sygrid van ’t Zet

Priisútrikking de Gjalp 2026
Woansdei 17 juny 2026
Lokaasje: Podium Explore, Ljouwert
Tiid: 19:00 oere ynrin, 19:30 oere start programma
Foar: elkenien fergees tagong

Bysûndere festivaljûn oer Obe Postma

Bysûndere festivaljûn mei poëzij, essay-foardrachten, muzyk & dûns oer de dichter Obe Postma en syn leafde foar it Fryske lânskip. 

Op freedtejûn 26 juny fynt yn de Bonifatiustsjerke yn Koarnwert de festivaljûn Ode oan Obe plak. It is in Ode oan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. Mei poëzy, sprutsen essays, muzyk en dûns wurdt earbetoan brocht oan wittenskipper en dichter Obe Postma, dy’t yn Koarnwert berne waard en dêr ek begroeven leit.

Obe Postma jildt as ien fan de wichtichste Fryske dichters. Syn wurk is bot ferbûn mei it Fryske lânskip, it oantinken oan syn jeugd en it doarp Koarnwert. Krekt op syn stjerdei wol dizze jûn syn literêre erfenis op ‘e nij ta libben bringe. De tsjerke wurdt dêrmei wer in plak foar taal en muzyk, moeting en mienskip.

De keunstners dy’t in bydrage leverje oan it programma ferhâlde har op ferskate wizen ta it wurk fan Obe Postma en syn leafde foar it lânskip. It Frysk en it Nederlânsk klinke neistinoar.

Dichters: Jabik Veenbaas, Arjan Hut, Peter Swanborn, Tryntsje van der Steege, Dien L. de Boer Pianist: Kanako Inoue Dansers: Hinako Yukimoto en Lara Szymanski Canaro

Ode oan Obe wurdt organisearre troch Stichting Kerk en Toren Cornwerd yn gearwurking mei Stichting Dichter op de Deel in Eksmoarre. De jûn past binnen de bredere ynset om de restaurearre Bonifatiustsjerke fan Koarnwert net allinnich as monumint te behâlden, mar ek as libbene kultureel moetingsplak foar de regio.

* Yn it Frysk en Nederlânsk
* Bonifatiustsjerke Koarnwert
* Oanfang 20.00 oere, ynrin fan 19.30 oere ôf
* Entree € 10, –, kontant of mei QR-koade
* Nei ôfrin: buorrel en moeting

www.kerkcornwerd.nl

Geart Tigchelaar nei Transpoesie

 

Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “Where voices meet”, mei oandacht foar taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.
Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch dichter Geart Tigchelaar. Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn ’e Greidhoeke. Nei tsien jier lang as oersetter en korrektor wurke te hawwen, hat er no in baan yn it miljeukundige wurkfjild. Tusken de bedriuwen troch besiket er tiid frij te meitsjen om te wurkjen oan mear aktivistyskere poëzy en syn tredde en foarearst lêste roman.
Tigchelaar is debutearre as dichter mei leech hert yn nij jek (Hispel, 2016) dêr’t er yn 2017 de Tammingapriis foar takend krigen hat. Syn lêste bondel is Oer de streek (Hispel, 2023) dy’t er skreaun hat doe’t er streekdichter fan Noardeast-Fryslân wie. Foar syn roman Om (Afûk, 2021) is er nominearre foar de Rink van der Velde-priis en foar de oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek (Regaad, 2015 ) hat er yn 2016 de Obe Postmapriis wûn.


Yn syn perioade as streekdichter fan Noardeast-Fryslân (2021-2023) hat Tigchelaar sawol yn opdracht as út himsels ferskate protestfersen skreaun. Sadwaande hat er leard dat it skriuwen fan mear aktivistyske poëzy him goed leit omt er dêryn syn argewaasje oer de wrâld ta utering bringe kin. Net
allinnich dat, mar ek om sa in stim te jaan oan it ûnrjocht dat rûnom plak hat.
Wa’t hinne wol om him te sjen en te hearren, dat kin fansels! It programma is no noch net bekend, mar sille wy sa gau mooglik diele op ús website.
De dielname fan Geart Tigchelaar oan Transpoesie 2026 wurdt yn alle gefallen mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, dichterskollektyf Rixt, de Douwe Kalmastifting en it Jan Roelof Geertsmafûns.*

In nije Gjalp is út gien!

In nije Gjalp is út gien!

LJOUWERT – Op it Lettertreffen fan Leeuwarden City of Literature is juster de nije Gjalp lansearre. De Gjalp is in iepen oprop foar skriuwers en dichters. Ynstjoerders meitsje kâns op publikaasje én op in presintaasje op ferskate festivals, sa as it Dudeljo festival op Lauwerseach en Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach.

Dit jier draait de Gjalp it om ynstjoerings mei it tema It Waad. Makkers kinne in gedicht ynstjoere, of in idee foar in festivalproduksje. Foar de Gjalp ‘poëzy’ is de oprop om in fers of rige fersen te skriuwen yn it tema. It gedicht (of de rige gedichten) kin selektearre wurde foar performance op literêre festivals yn it Waadgebiet. Foar de Gjalp ‘produksje’ wurde skriuwers socht mei ideeën foar in literêre festivalproduksje. De foarm is folslein frij. Fan in optreden mei taal, en fan muzyk oant animaasje-eksperimint: alles kin, salang’t it Frysk (of in streektaal) en it literêre, de muzikaliteit en it tëatrale yn elkoar gripe.

Ferskillende sjuery’s beoardielje de ynstjoerings, foar de gedichten bart dat anonym. Foar elk selektearre gedicht of idee is der € 500,- beskikber foar in earste útwurking. De winnende gedichten fan de Gjalp poëzy wurde publisearre yn Ensafh en/of de Moanne. Foar de Gjalp produksje is der budzjet foar fierdere ûntwikkeling en begelieding yn oanrin nei in festival. Foar beide Gjalpen jildt dat der in mooglikheid is foar residinsjes yn it Waadgebiet om de performance of it idee fierder út te wurkjen.

Dielnimmers kinne harren bydrage oant uterlik 10 maaie ynstjoere nei: gjalp25@gmail.com.

De Gjalp is in gearwurking tusken demoanne.nlensafh.nl en rixt.frl. De nijste oprop en in tiidline is te finen op: https://www.demoanne.nl/gjalp/

Tony Feitsmapriis 2025 foar jongerein

Der is in nije literatuerpriis foar de jongerein: de Tony Feitsmapriis. It giet om in priis foar poëzij en proaza (ferhalen en essees). De priis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. De priisfraach stiet iepen foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier. De bedoeling fan de priis is benammen om it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.

De Tony Feitsmapriis 2025 sil útrikt wurde op it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frentsjer op 29 desimber. It tema is dit jier lânskip. Der binne foar de winners trije prizen, dy’t besteane út in in oarkonde en in bedrach fan € 100. Ynstjoere kin oant en mei 1 desimber 2025. Om it kreative skriuwen op ‘e gleed te helpen wurdt der foar aspirant-dielnimmers op 12 novimber om 19.00 oere in workshop oanbean troch Hein Jaap Hilarides yn sosiëteit Bernlef, Tuinstraat 22, Grins. Foar de priiswinners is der de mooglikheid om har bydrage te publisearjen yn Ensafh en dêr begelieding by te krijen.

Ynstjoeringen en opjefte foar de workshop kinne har beslach krije fia it mailadres: tonyfeitsmapriis@federaasje.frl, mei de bydrage ûnder pseudonym en fermelding fan namme, pseudonym, adres, âldens en mini-cv yn in begeliedende mail.

 

WA WINNE DE GJALP?

WA WINNE DE GJALP?

De tsien winners fan de Gjalp binne justermiddei yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber.

De Gjalp is in projekt fan Ensafh, de Moanne en RIXT, dat de Fryske literatuer de kommende jierren op ferskate grutte festivals sichtber meitsje wol om sa talint te stimulearjen en in nij publyk mei Fryske skriuwers en dichters yn ‘e kunde komme te litten.

Winners Gjalp 1
Gedichten by filmfragminten út it FFAA

– Tamara Feddema mei it gedicht ‘Winter’ – by in fragmint út de film ‘Winter yn Fryslân’ (1954-1956) fan Sjoerd Steensma
– Remco Kuiper mei it gedicht ‘Wite Iensumens’ – by in fragment út in film fan Piet Wagter oer de Alvestêdetocht fan 1941
– Myrte Marije Veenbaas mei it gedicht ‘Held op sokken’ – in fragment út in film fan Hein Faber oer de PC yn Frjentsjer fan 1946
– Ruerd Smaling mei it gedicht ‘Mem’ – by in fragmint út de doarpsfilm oer Sint Jabik fan Johan Adolfs en Piet Hembrecht út 1952
– Marije de Lange mei it gedicht ‘Pretty up high!’ – by in fragment út de film ‘From Friesland with Love’ (1990) fan Anton Stoelwinder

Winners Gjalp 2
Filmideeën foar fierdere ûntwikkeling op nei it Noardlik Film Festival

– Erik de Boer mei in idee foar in ‘Fryske Ursonate’ nei de dadaïst Kurt Schwitters, mei in pastiche fan Fryske filmbylden’
– Janneke Brakels en 2-INCH mei in idee foar ‘Wêrom’t de see my ropt’, in koarte young adult-film
– Hein Jaap Hilarides mei ‘De tradysje fan de Fryske film’, in idee foar in (film)essay oer byld en selsbyld yn de Fryske film
– Jorrit de Klerk mei in idee foar ‘Harlingen Groate Freet, Klein Hartje’, in film oer Harns en de Harnzers
– Sina Keuning en Anne Fie Salverda mei ‘Te plak’, in live performance mei visuals en animaasjes

Nijsgjirrich nei it wurk fan de winners?
Hâld dan it Noardlik Film Festival (5-9 novimber) yn ‘e gaten!
Dêr wurde de poëzyfilmkes fertoand en fine optredens plak fan in tal winners fan De Gjalp.

Gjalp: de oanwêzige winners. Foto: Lucas Kemper

Muzikale réuny yn Koarnwert oer de poëzy fan Obe Postma

Yn de tachtiger jierren fan de foarige ieu wie Hindrik van der Meer muzyklearaar oan de Snitser Pabo. As der ien fan de studinten troude, soarge Hindrik mei de klasgenoaten foar in muzikale bydrage yn de troutsjinst. Sa ek ris yn de tsjerke fan Koarnwert. Boppe de tsjerkedoar hong doe it boerd:”Pas op! Vallend gesteente”.
Maaike van Dyk silliger, makke har tige drok foar de restauraasje fan de tsjerke. Se wie tige ûnder de yndruk fan it sjongen fan de studinten en frege oft se net in kear in jûn fersoargje koene foar it Restauraasjefûns. Faaks oer de ferneamde dichter Obe Postma berne yn Koarnwert.

Hindrik gie yn op har fersyk en naam kontakt op mei de kollega’s Jan de Jong en Tom Dykstra. Mei elkoar wurken se oan de opset fan in programma. Hindrik naam it dichtwurk fan Obe foar syn rekken. Hy sette in tal gedichten op in stensil en frege de studinten fan de “Koarnwerter klasse” dêr ien út te sykjen, en te betinken hoe’t dat gedicht presentearre wurde koe.Ek socht er sels in fiiftal gedichten út, sette dy op muzyk en studearre se yn mei de studinten.

Op 14 maaie 1983 wie de útfiering. Spannend: soene der wol minsken komme? De Ljouwerter krante wijde der de oare deis in moai artikel oan: “De minsken kamen fan fier en hein en in kertier foar it begjin wie der yn’e tsjerkebanken en op’e kreake al gjin plakje mear te besetten. Reden foar it oarganisearjend komitee om yn’e gauwichheid noch in pear banken fan it keatsfjild te heljen. Mar ek dy rekken fol, sadat in pear letkommers tefreden wêze moasten mei in steanplak.”

Letter sette Hindrik mei de sjongers fan “Sjongploech Auke Roukes” yn de Legeaën in tal Obe Postma-lieten op in cd. De namme fan dy sjongploech mei hast hûndert leden wie ûntliend oan it gedicht fan Obe Postma oer Auke Roukes. Auke wie in gongmakker yn it doarp. De Legeansters makken der in kûplet by! “Mar Auke Roukes is no werom. Hy wennet yn de Legeaën. En asto harkest hearst it muzyk al troch de buorren gean!”

Ut it Gysbert Japicxhûs wei waarden letter literêre bustochten organisearre en fersoarge troch Hindrik en Beitske van der Meer. Op ien fan dy tochten waard ek Koarnwert oandien en kaam Obe syn poëzy op it aljemint.

De Koarnwerter Obe Postma-kommisje is tige aktyf en organisearret op dit stuit eltse sneon in barren yn de tsjerke. Op 26 july, de middeis om trije oere, stiet it wurk fan Obe wer sintraal yn de tsjerke, dy’t no prachtich restaureard is. Der sil in soad poëzy klinke en songen wurde, want it is tagelyk in muzikale réuny mei eardere studinten, dielnimmers oan de busreizen, eardere sjongers fan Auke Roukes en hooplik gâns oaren.