Oer RIXT

Wêr stean wy foar?

Dichterskollektyf RIXT is in breed platfoarm fan Fryske dichters. Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuële saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.

Wy binne in iepen kollektyf. Wa’t poëzy skriuwt yn it Frysk,  in Fryske streek- of stedstaal of in oare taal yn Fryslân kin har/him oanmelde. Wy hawwe in redaksje dy’t derfoar soarget dat de kwaliteit fan it ynstjoerde wurk dat wy op ús webside publisearje op nivo is.

Wy nûgje yn it bysûnder begjinnende dichters út om har by ús kollektyf oan te sluten. Der sitte betûfte dichters by ús groep dy’t begjinnende dichters begeliede en fierder helpe kinne.

As platfoarm binne wy belutsen by ferskate projekten dêr’t Fryske poëzy in rol yn spilet. Wa’t mei in projekt dwaande is en der gedichten of dichters by siket, kin kontakt mei ús opnimme. Wy tinke graach mei en kinne de kontakten mei de dichters lizze.

Wy ha de ambysje om de Fryske poëzy de kommende jierren ynternasjonaal op de kaart te setten. Wy fine dat de Fryske poëzy de kwaliteit hat om op poadia bûten Fryslân te klinken. Wy leauwe dat mear ynternasjonale kontakten en útwikseling de Fryske poëzy fitalisearje sil.

Us motto is in sitaat út it gedicht Buenos Aires fan de Fryske dichteres Rixt (1887-1979):

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41

Dy oanslute?

RIXT is in iepen dichterskollektyf.
Wa’t poëzy skriuwt yn it Frysk, in Fryske streek- of stedstaal of in oare taal yn Fryslân kin har/him oanmelde.

Ast dielnimst oan RIXT
– praatst mei oer de gong fan saken en de rjochting fan it kollektyf
– kinst altyd aktuele gedichten foar de webside ynstjoere
– wurdst frege om in kear Dichter fan de Moanne te wêzen (meist nee sizze)
– krijst útnûgings om mei te dwaan oan optredens en projekten dêr’t RIXT by belutsen is
– krijst op ús webside in persoanlike dichtersside mei dyn ynstjoerde gedichten

Hâld der by it ynstjoeren fan gedichten foar de webside fan RIXT rekken mei dat wy in redaksje hawwe dy’t der foar soarget dat de kwaliteit fan it wurk op ús webside op nivo is. It stiet de redaksje dêrom frij om wurk te wegerjen of korreksjes foar te stellen. Us redaksjeleden binne: Simon Oosting,  Henk Nijp, Cornelis van der Wal en Kate Schlingemann.

Ast in gedicht foar de webside fan RIXT ynstjoere wolst, kinst dat maile oan: redaksje@rixt.frl of ynfo@rixt.frl

Ast dy as dichter oanmelde wolst by RIXT, stjoer dan in email oan: ynfo@rixt.frl

 

Kontakt

Kinst ús berikke op dit mailadres:
ynfo@rixt.frl

Ast in gedicht ynstjoere wolst foar de webside fan RIXT:
redaksje@rixt.frl of ynfo@rixt.frl

Wa wie Rixt?

Rixt (1887-1979) wie in Fryske dichteres mei in lyts mar opfallend oeuvre. Har iennige dichtbondel De Gouden Rider krige yn 1953 de Gysbert Japicxpriis, de heechste Fryske literêre ûnderskieding. Rixt (ps. Hendrika Akke van Dorssen) publisearre har earste gedichten yn de jierren tsien fan de foarige ieu. As jonge frou yn in behâlden Fryslân, dat neffens Rixt fierstente dimmen, nuet en bedaard wie, hie se de moed om mei leafdesfersen en eroatyske lyryk nei bûten te kommen. Yn har dichtwurk fan de jierren tweintich en tritich toande se in fitalisme en in reizgersgeast dy’t tinken docht oan bygelyks Slauerhoff. Oant op hege jierren wie Rixt begien mei de Fryske literatuer en oanwêzich by literêre barrens. Sa waard se de ‘grande dame fan de Fryske poëzy’.

Troch har iepen blik, har ûnkonvinsjonele libben en wurk en har statuer ha wy Rixt as de beskermfrou fan ús dichterskollektyf keazen. Twa rigels út har gedicht Buenos Aires ha wy oannaam as ús motto:

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41

Kolofon

RIXT Frysk Dichterskollektyf is sûnt 2019 in stifting. Bestjoersleden binne: Edwin de Groot, Tryntsje van der Veer, Syds Wiersma en Carla van der Zwaag

Redaksje RIXT: Henk Nijp, Simon Oosting,  Kate Schlingemann, Cornelis van der Wal

Webreager RIXT: Cornelis van der Wal

Audiofisuele stipe: Geart Tigchelaar

Untwerp logo en hússtyl RIXT: Stefan Sloot

RIXT krijt subsydzje fan de Provinsje Fryslân