Sykje nei in faksin

RIXT-dichter Janneke Spoelstra wie ien fan de gasten yn Cultuur aan Huis fan 12-05-2020. It item mei Janneke begjint op 16:10. Klik op ‘e foto.

Lês hjirûnder it fers dat se foarlies.

Sykje nei in faksin

Foardat oaren ek wisten dat ik
dichter wie, learde ik in fak
en troch in mikroskoop
it grutte yn it lytse te sjen

immen rôp: ‘kom hier es,
is dit in bacterie of een virus?’
ik tocht altyd: hoe sjogge se ús?

en learde hoe’t se diele, flugger as
Facebookberjochten har ferspriede
úteinlik wie Slauerhoff ek dokter
wurden en Leo Vroman biolooch

mei omkearde hannen siet ien
oan ’e knoppen en de learaar sei:
‘hee, hoe melke se de kij by jim
op ’e pleats?’ lytse-bistjes-boeren
wiene wy, gjin opbringst oars as
op lytse skaal, ien sei: ‘as ik
oan al dy aminosoeren yn
myn liif tink, dan knap ik hast!

en ik knope it yn ’e earen dat in
professor sei: ‘óárloggen wurde
troch mikro-organismen besljochte,’
gôh, tocht ik doe, miskien,
tink ik no, kinne se der ek troch
ûntstean, soms bin ik deabenaud
en dan haw ik noch net iens koroana

wy wiene thús noait net sa tuterich,
mar mem, o, mem, wat wol ik dy no
graach in tút jaan, al wiken is myn
grutste eangst dat ik dy’t my it libben
joech, it libben ûntnimme soe

en wylst wy ús elk yn ús eigen sel
opslute, hát in firus net iens in
selwand, in firus nimt gewoan de
kontrôle oer, yn ’e gasthear-sel

ja, ik wit in bytsje fan wat der omgiet
yn ’e grutte lytse wrâld, it wie in
nommel fak dat ik learde, mar doe’t
de wurden hieltyd lûder rôpen, waard
ik stadich mear de dichter, en soms
freget immen of eat om in fers, sa’t
Fedde Schurer skreau: ‘in dichter is
in minske dat in fers skriuwt as
syn folk derom freget’, no ja,
hy skreau fan ‘fint’, net ‘minske’

it is mar wat jins ropping is
myn broer loadst einepiken
de krisis troch nei de sleat

en wat is de ropping fan de
eamelders dy’t út alle kieren
ûnder de flier wei komme, as
talkshowgasten, se fleane by
de ruten en de muorren op
en dan steane nóch 90 fan de
100 fleanmasinen oan ’e grûn

wat gjin aksjegroep slagge, krijt
sa’n skytminiskúl dieltsje dna of rna
klear, oft dat no syn ropping is of net

en skjin is de loft, as desennia lyn
doe’t ik in fak learde, miskien as ik
der yn trochleard hie, wurke ik no
oan in faksin, miskien hie ik jimme
dan rêde kinnen, miskien makket in
gedicht in hiel lyts bytsje ymmún

2 Replies to “Sykje nei in faksin”

  1. Moai Janneke,
    Mei oandacht ha we dyn vers lêzen.
    We werkenne de dingen út dyn libben en it libben en hoopje, foar ús minsken mar ek spesjaal foar jimme mem en dy, op bettere tiden.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *