QED

It gedicht QED skreau de ferline wike ferstoarne Bartle Laverman yn ferbân mei de útstalling Skjin Laai, yn 2018.

QED

guon wol ha
de romte tusken de wurden
dêr wennet de Leechte
marsamaklik
lititûneinigeharnetferrifelje!!

guon sizze
yn it allerearste Begjin
wie der it Wurd
út it Alles of Neat
waaide samar dat Wurd
en it Wurd makke de dingen

oaren miene
it Wurd is sels in ding
en ja hear
bij mij is it in klank of in foarm

ik tink
dat wij de Leechte
ek Alles of Neat
neame meie
of God
of de Dea

in oare kear
sûnder haadletters

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *