Foto: Pieter Postma
Geart Tigchelaar is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn Harns. Njonken dichter is er skriuwer en oersetter. Yn 2017 wûn er de Tammingapriis foar syn poëzydebút Leech hert yn nij jek en de Obe Postmapriis yn 2016 foar de oersetting fan Bomans Erik of it lyts ynsekteboek. Op it stuit wurket er oan syn twadde roman, wêrnei’t er wer mei in nije dichtbondel úteinsette sil. Fierders is er redakteur fan it Frysk literêre tydskrift Ensafh, toerfytser en drummer yn ’e doommetalband Doomwâld.
Oer syn dielname oan RIXT: ‘It kollektyf sjoch ik om op in eigenwize en mienskiplike manier oer aktuele saken te dichtsjen.’
Ynstjoerde gedichten
It ’s a problem, it ‘s a problem (30 septimber 2017)
Eala Frya Fresena (6 oktober 2017)
The same for everyone (24 oktober 2017)
Alde LTS (27 desimber 2017)
It wurd dat libbet op ‘e wyn (8 maart 2018)
Seit mem (30 maart 2018)
Fol gas! (3 april 2018)
Frijspul (18 april 2018)
Lit dy net ôfskrikke jonge (16 maaie 2018)
De switdrip (15 july 2018)
Kinst mar better dichter wêze (26 july 2018)
Top! (29 desimber 2018)
De klap dêrnei (9 jannewaris 2019)
De kat út ’e beam sjen (24 jannewaris 2019)
Ga je mee, Geert (11 febrewaris 2019)
By de earstfolgjende krusing rjochtsôf (23 maart 2019)
Nij ferhaal (10 april 2019)
In bult stienen in stiennen bult (20 april 2019)
Op wei nei (7 juny 2019)
Sûnder regel (1 augustus 2019)
Fridays for future (21 septimber 2019)
Identiteitskrisis (16 oktober 2019)
Better as fiksje (1 novimber 2019)
Op skerp (20 novimber 2019)
Wingewest sinne (23 desimber 2019)
In terraske pakke (15 jannewaris 2020)
Lul op in drumstel (maart 2020)
Statistikus (april 2020)
Myn frijheid (maaie 2020)
In lêste blokje om (maaie 2020)
Meldpunt Min Frysk (juny 2020)
It blokje r (juny 2020)
De takomst fan BF Nederlân (juny 2020)
It arkje (oktober 2020)
Deroan (oktober 2020)
Lockdown, dei 232 (novimber 2020)
Klisjees (3 febrewaris 2021)
Sniebaleffekt (26 febrewaris 2021)
Kamp Morra (6 april 2021)
Skiednis meitsje (6 maaie 2021)
Salang’t de wyn (2 juny 2021)
Wiete sokken (5 augustus 2021)
Dy iene fraach (10 septimber 2021)
Sis my (5 oktober 2021)
God Gas (16 jannewaris 2022)
Natoerminsk (2 febrewaris 2022)
In kreakjen (5 maart 2022)
Flean op! (5 april 2022)
It binne fan dy dagen (4 maaie 2022)
Ballade fan Noardeast (23 july 2022)
Terp fan ‘e takomst (6 desimber 2022)
ÂLDE LTS skientme is in ding datst ferboelguodzje kinst mar ek deagewoan stean litte der sprute net allinnich moaie dingen op út it grint op it platdak dêr’t de ekster syn snaffel skerpet en skel klinkt troch inkeld glês hiest net tocht hen hiest net tocht hen ik doar der net efteroan in held haw ik nea west al sjocht elk dat it dak my net mear hâlde sil ideeën rôlje oer stikkene tegeltsjes tusken latsjeblinen kypje plannen kidelje útfierings mear as it buorfamke om it skoalplein hinne steane de finsters iepen foar grutte berneholtsjes is der no in oar plak yn 058