Hjoed wurdt MeM, it talepaviljoen dat yn ‘e Prinsetún stiet, iepene. Dichter fan ‘e moanne maart, Geart Tigchelaar, fûn dat in moaie gelegenheid om in oade oan syn mem te skriuwen. Wat tagelyk in middelfinger nei Trump is.
SEIT MEM
prate is altiten better
as balte skoppe en slaan
want dêr komme bargebiten fan
seit ús mem altiten
no is it net sa dat der in soad ferstannige
likemin leave wurdsjes út dyn freet komme
mar dochs soest it
neffens ús mem mei de mûle ôfkinne moatte
en ast hûntheie wolst giest mar nei bûten
dêr hast ommers alle romte
it gers foar dat wite hûske fan dy
dêr’t dyn wiif mar net bankje kin
kinst dy lekker úttjirgje
genoegen nimme mei oars net
as dyn bodyguards as publyk
bist eins neat oars
as in bedoarn jonkje
boartersguod wolst net diele
dyn mem koe op it lêst
gjin lân mei dy besile
in lêste gjalp
de hannen thús en de bek frij
want wat mienst wol net
de wrâld op te skypjen
no’tst mienst in foech jonge te wêzen
mei dyn grutte knop
en noch gruttere lilkens
lekker koese menear de presidint
moarn prakketwitterest der al wer hiel oars oer
© Geart Tigchelaar