Geart Tigchelaar en Syds Wiersma skreaunen dizze wike elk in gedicht oer de Notre-Dame, Geart in fisueel fers en Syds in sonnet. De fersen foarmje in soarte fan twalûk en sa publisearje wy se dêrom ek.
In bult stiennen In stiennen bult© Geart Tigchelaar
Notre-Dame de Paris In tsjerke hat wat fan in mins, fan bûten sa faak fasade fan fertoan, dêr'tst meast de hichte net fan krijst, mar as de fuotten it skimerige skip troch slûpe, hearst in stap fan pine en treast of sokssawat dat sûnder datst it woest der is, ferealens sa fielt it soms, op 't kleurich ljocht fan God syn soan dy't opstie út in stee fan fealens. Us Leaffroulju weitsjend oer dy wrâld dy't seit dat brea en wyn yn bloed en lichem fan 't omgeand heil feroarje, sykje hâld as hja, de Keningin, de fik yn fljocht want mear as erfgoed giet mei har nei gychem, hjir wurdt in mem opnij nei 't krús ta brocht. © Syds Wiersma
Hiel moai Syds, hiel moai
Danke, Edwin