It ’s a problem, it ’s a problem

30 septimber 2017
Yn febrewaris 2017 hold Geart Tigchelaar ta by in Katalaanske famylje krekt ten noarden fan Barcelona en doe’t er frege hoe’t se tochten oer de ûnofhinklikheid fan Kataloanië, wie it beskied: it’s a problem, it’s a problem. Sels yn ien húshâlding wienen se it lang net iens oft it al of net moat… Geart skreau dit gedicht krekt foar de ferkiezings yn oktober 2017 en makke bygeande foto:

IT’S A PROBLEM, IT’S A PROBLEM

foar en nei slaan foar master op
mei in fikse bats ûntefredens
ek al fan wjerskanten

ropt de ien noch lûder as de oar
mei it rjocht yn hannen
sadat automatysk it ûnrjocht

yn de midden leit de wierheid
as dy der al ta docht hoecht no net fuortendaliks ommers

klinkt de fraach altiten wer wat wy no mei soks oan moatte
ek mar lûder roppe om ôfskieding de ûnmooglikheid
te oerstimmen, ôf te stimmen, oer te stimmen

lit mar gewurde elk dy’t hjir tahâldt wit al
dat der net mear ûnienens
bestiet as hjir te uzes

© Geart Tigchelaar