The same for everyone

24 oktober
Geart Tighelaar mei in berjocht út kulturele haadstêd Aarhus wei.

THE SAME FOR EVERYONE

as ûnderhûdske feanbrân gloeit
spanning fan oerwinning yn alle herten

want wy hawwe it oprêden en dogge alle war
belûke elkenien derby en it hiele jier

stiet it bol fan aktivititeiten dat
âldehou linet oare kant oer om te sjen

tegels yn århus rinne fol wetter en peuken
op it earste gesicht binne alle gesichten

itselde mei in keunstwurkje mear yn it park

it liket oer en hat elk syn diel fan de taart
stekke bobo’s sigaren tefreden oer it projektsje

dat se sa leuk mei-inoar útfierd hawwe
dat dochs wol minder kinnen hie

easket in lêste kat syn oanpart
slikket reinwetter út de A

bewûnderet in toerist de reinbôge
op it museum tinkt hat altiten sa west

© Geart Tighelaar