kear it gewear

It gedicht is skreaun foar de demonstraasje tsjin de Hubertus-fiering yn it bysûnder en tsjin de jacht yn it algemien. It wie organisearre troch Partij voor de Dieren en Animal Rights. De demonstraasje en de stille tocht hie plak op 5 novimber lêstlyn. Dêr is it fers ek foardroegen troch de dichter, Geart Tigchelaar.

 

Foto: Siska Alkema

 

kear it gewear

is it it omruiljen fan dyn maatpak
foar de outdoor-klean mei kamûflaazje

of it oerynstinkt datst net ûnderdrukke kinst
de adrenaline ast dat haske rekkest

of is it faaks dat fabeltsje fan natoerbehear
datst dysels en al dy oaren foarhâldst

of is it dochs dy twa miljoen deadlike slachtoffers
en dy twa miljoen healdeade slachtoffers

dat warleaze knyntsje yn dyn fizier
dy wjuklam sketten ein

sis my jager wêr dochst it no eins foar
en sis my net datst it úteinlik foar de lol dochst

3 Replies to “kear it gewear”

  1. In prachtich gedicht dat freget om in legitime reden foar de jacht
    Dy’t er net is
    Yn in pear rigels giet it nei de kearn
    En it fielen wurdt net fergetten

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *