Geart Tigchelaar is sels in toerfytser yn ieren en sinen en is dêrom nuvere kjel wurden fan de brute moard op twa fytsers yn Meksiko. Op syn tochten hat er just allinnich mar ûnderfûn dat der noch in hiel soad gollens en goeds yn ‘e minsken sit. Hy ferdomt it dêrom ek om dat betrouwen – of naïvens? – te ferliezen, mar feit is wol dat men altiten wach wêze moat, blykber.
LIT DY NET OFSKRIKKE JONGE mear frijheid silst noait krije jonge as it ritme fan de trapers fan dyn healbizen trekkingfyts de lânskippen binne wreder as de antlitten fan bewenners helje dy yn mei bôle en bier laapje dy en krigest in tút mei in pûdfol apels derop ta kilometers swit en asfalt wurdst mar noait ynhelle troch in wâd of flokwurd lit dy net ôfskrikke troch spûkferhaal searjemoardner yn Sweedsk bosk fan al mear as tsien jier lyn rin net fuort foar elanden tsjek dy wol alle jûnen op tiken benammen by de sek dêr is it ommers lekker waarm seit de faam dat ek net lit dy net ôfskrikke jonge sjoch wol efterom skôgje de loft skûlje foar it swurk skerpe knyften binne der genôch mar net safolle as in glimlaits © Geart Tigchelaar