Nij fers fan Geart Tigchelaar: Deroan

Deroan Ik stean foar de spegel mei it skearmes yn ’e hân wylst der in strieltsje bloed my by it wang delsipelet. Mei stompe blêden snijst dy earder. Soks is ek mar in miening, dat ik set ’m fannijs op it fel. Stadich glidet it meske rjochting adamsappel. Wat konklúzje lûkst by brekme oan in miening? Ik bedoel, botte slim kin it net wêze dat wy deroan geane, ik haw alteast gjin wanklank heard fan ’e dinosaurussen.