Geart Tigchelaar fytst op it heden troch heal Europa mei de faam. Op it stuit binne se yn it noarden fan Dútslân, dêr’t hja yn Kiel posters foar Fridays for Future seagen. Dêrnei binne se nei Flensboarch gien, dêr’t Tigchelaar meirûn hat yn sa’n demonstraasje.