Ut alve ynstjoerings dy’t ús oprop foar de Fyftjin FF’en fan Frijheid opsmiet, hat de redaksje fan RIXT fiif gedichten selektearre. Dy publisearje wy de kommende dagen op ús webside. Ien gedicht is bekroand. Dat ferskynt op 5 maaie. As beleanning krijt dy dichter de bondel Arbolarium.
De mânske blomlêzing Arbolarium is in Kolombiaanske blomlêzing fan 148 dichters, fan 78 lannen oer fiif kontininten, fandêr de ûndertitel De los cinco continentes. Geart Tigchelaar is ien fan de dichters dy’t yn dizze blomlêzing opnommen is.
As twadde gedicht yn it ramt fan Fyftjin FF’en fan Frijheid ‘Myn frijheid’ fan Geart Tigchelaar