6 oktober 2017
Yn oktober waard der in replika fan it Karelsprivileezje oanbean oan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. It privileezje datearret fan 1417 en is in topstik út de Fryske skiednis. Geart Tigchelaar skreau der dit gedicht oer.
EALA FRYA FRESENA
sa hong ynienen it oerâlde privileezje
by de saneamde lokale bestjoerders
skitterjend flitsljocht op strutsen pak
moai no sa’n stikje histoarje etalearje
ferneamde fryske frijheid
dêr’t wy mar al te graach op weromsjogge
bast fol grutskens, it hert fol spyt
preekje foar eigen parochy
en tuike tuike oan
ferdomd spikerje dan mei bombarje
dat segel op ’e doar yn De Haach
© Geart Tigchelaar