Alde LTS

27 desimber 2017
Ferline wike stie yn ‘e Ljouwerter Krante dat de âlde LTS yn Ljouwert sloopt wurde sil. It gebou wurdt sûnt 2008 al bewenne en it is in brûsplak foar alderhanne artistike jongelju. Men soe soks net mei de grûn gelyk meitsje moatte om der apparteminten del te setten dy’t dochs net ferkocht wurde. Nee, men soe soks yn stân hâlde moatte, sadat der dingen ûntsteane dy’t net yn jildlik kapitaal mar yn kultureel kapitaal útdrukt wurde. Is dat ek net dêr’t it eins om giet wannear’t Ljouwert kulturele haadstêd is? Geart Tigchelaar is ien fan ‘e bewenners en skreau der ûndersteand gedicht oer.

ALDE LTS

skientme is in ding datst ferboelguodzje kinst
mar ek deagewoan stean litte
der sprute net allinnich moaie dingen
op út it grint op it platdak

dêr’t de ekster syn snaffel skerpet
en skel klinkt troch inkeld glês

hiest net tocht hen
hiest net tocht hen

ik doar der net efteroan
in held haw ik nea west
al sjocht elk dat it dak
my net mear hâlde sil

ideeën rôlje oer stikkene tegeltsjes
tusken latsjeblinen kypje plannen
kidelje útfierings mear as it buorfamke

om it skoalplein hinne
steane de finsters iepen
foar grutte berneholtsjes
is der no in oar plak yn 058

© Geart Tigchelaar