Geart Tigchelaar is dichter fan ‘e moanne yn maart. Op dat stuit sit er yn St. Andrews dêr’t er it StAnza Festival meimakket. Dêr hat er him ta dit gedicht ynspirearje litten dat er by de ruïne fan ‘e katedraal opnommen hat.
Geart seit sels oer it gedicht: “Der wurde stiennen gebouwen oprjochte en fan alles byinoar skrept. De skientme fan in fers is oars net as wurden dy’t maklik ferwaaie op ‘e wyn mar dêrtroch net ôfbrutsen wurde kinne en sa it ivige libben hawwe.”
IT WURD DAT LIBBET OP ‘E WYN
stiennen ûntspruten út hurde grûn
beskuldigje net allinnich ús âlde sûnden
mar de blik dy’t de kleare kime oerstrykt
sa’t minske nei minske iuwen syn flecht
socht yn it smûgjen fan syn eigen herne
neat dat bleau en alles dat gie brocht minder
ferbining troch de leagens yn glês-en-lead
hâlde stân de âlde ferhalen en steech ûnleauwe
dat gjin swier tek noch djip fûnemint fanneden
is de sin dat as it stof fan dyn hûd ferwaait
ienris geane wy ek myn leafste yn ’e selde grûn
wurden dy’t ús oprjochten ûntdutsen hieltiten
op besleine ruten op ’e nij ta fersen kleurje
de sielen fan elke letter dy’t yn frijheid
waakst as bûgjend reid stiet sa lang as de wrâld
by de klippen yn toarstige skûmkoppen weiwurde
© Geart Tigchelaar