It tredde moannegedicht fan juny 2020 fan Geart Tigchelaar

De takomst fan BF Nederlân natoer hâldt op te bestean dêr’t in minskehân delstrykt earst leaflik al gau ta in fûst slacht alles lytsman is nimmen mear yn it lân dat gjin lân is fersnipele knipt en plakt ta in wangedrocht en beholden fan ’e drinkeldea mei diken deltawurken skaad slacht del fan wynmûnen en in inkelde helikopter dy’t de arbeiders nei en fan har wurk yn it lân dat gjin lân mear is mar yndustrygebiet mei grutte kavels boulân, greide, in inkelde pleats dêr’t gebou, dyk, auto út it stee wrotten binne troch fabryk, sinnepark en trekker want dêr’t net mear te libjen falt hawwe de minsken harren te wenjen setten oer de grinzen hinne en it lân dat gjin lân mear is opjûn oan de wolfeart allinnich om’t wy trochfokke trochfokke trochfokke oant it skom ús út ’e bek hinget en de fersmoarging eksportearje yn lyts lantsje moat grut tocht wurde mei oars net as oerbleaune boeren en opsichters treinen binne allinnich frachttreinen frachttreinen frachttreinen fansels draaie havens en skiphol op folle toeren dat hoech ik dy net te fertellen mar de natoer dan fregest hat ’m altiten rêden dat hat altiten sa west dat sil altiten sa bliuwe bist en plant siket mar in oar hinnekommen as yn it lân dat gjin lân is de wrâld is grutternôch it ferlet oan fretten noch grutter wy pompe pompe pompe de mage fan ús ferlerne heitelân leech oant elkenien syn of har gerak kriget dat ommers is foarútgong en takomstbestindich