Men kin it skraachoan befiemje hoe’t it kin dat guon lju it foar it sizzen krije. Understeand gedicht fan Geart Tigchelaar is skreaun nei oanlieding fan Bolsonaro dy’t de oerwâlden yn Brazilië allinnich mar sjocht as ekonomysk gewin.
De kat út ’e beam sjen
Kinst wol wer in safolste gedicht skriuwe oer
alle misstannen yn ’e wrâld. Dat jout ommers
gjin iene bliksem, sei se net sûnder fenyn. Net
dat ik net fan dyn poëzy hâld, sei se der fuort
ferguodlikjend efteroan. De tiid fan no freget
om aksje, net om leffe rymkeskriuwerij yn dyn
duplekswentsje yn Harns. Plantsje foar elke
omkapte beam yn Brazilië in nijenien. Ik koe
net oars as har gelyk jaan, lykwols skeat it my
al yn ’e rêch as ik der allinnich mar oan tocht
om de bats yn ’e grûn te stekken.
© Geart Tigchelaar