Geart Tigchelaar skreau dit fers foar de iepening fan Frijlân, in nij ekologysk ynisjatyf yn de Swettepolder ûnder de reek fan Ljouwert. Hy droech it gedicht ek foar by de iepening op 18 april.
FRIJSPUL
sa’t se dêr lei
skonken joegen alles priis
elk fûn yn har earms
in krûp en as it moast de dea
ferburgen
har keinens
allinnich foar dy iene
dy’t net de hûd ôfstrûpt
de frucht plôket
foar eigen lusten
skear har betrouwen
flaaikje har foarms
dan fine triennen
ûnfruchtbere grûn
op it pakjedrager
nimst har mei
wurd wei tusken grien
raan yn maitiidssinne
dan brekst frij
lân fan elkenien