De simmer nimt ekstreme foarmen oan en as wy de wittenskip leauwe meie, dan kinne wy tenei soks folle faker ferwachtsje. Wylst it swit ús dichters op it papier of toetseboerd dript om dy iene moaie sin derút te wringen, moatte wy al bliid wêze dat net yn ’e folle sinne hoege te dwaan.

kinst mar better dichter wêze
tjirgest it behang
slikkest stisel út ’e eagen
kraskjende pinne ferflokt
dyn trommelfluezen in skuor
mei de klopgeasten
fan hege hakken op parket
inkeld in sigentsje
mei fierôf famkeslûd
de mage draait
it wurd moat earst
smoard wurde
yn iepenteard skjirpapier
it harkenieltsje is net grutter
de dagen binne net koeler
it skriuwen wol net better
dyn passy is net fjurriger
in glimp troch it souderrút
de reade nekken
de switplakken
fan de strjitlizzers
en dyn soargen binne oer