Miljeuridder en dichter Geart Tigchelaar is plat foar sinnepanielen en oare wizen fan alternativen om fan de fossile brânstoffen ôf te kommen. Lykwols soe soks mei mear belied (sinnepanielen op dakken bgl.), oerlis en fyzje moatte. Oftewol mei justjes minder ekonomyske driuwfearen.
Klik hjir en hjir foar mear ynformaasje.

wingewest sinne de sinne giet foar neat op klinkt it út de kielen fan âlde profeten krekt dêrom is it sa’n leuk fertsjinmodel klinkt it út de kielen fan enerzjike bazen wat moat der fan my wurde klinkt it út ’e ierde wei mei al dy peallen my yn ’t liif en fel fertrape moatst net altiten sa seure klinkt it út de kielen fan arbeiders wês dan ek net sa goederjousk mei ik der ek wat fan fine klinkt it út ’e himel wei ik moat dit allegear mar machteleas oansjen wês dan ek net sa achteleas klinkt it út de kielen fan gewoane minsken wy binne it dy’t dokke moatte foar de transyzje haw ik dêr dan ek baat by klinkt it út ’e ierde wei ik moat it ynkassearje salang’t wy trochgean kinne klinkt it út alle kielen silstû it wol oerlibje hear