‘headamskampen’ is Anne Heegstra har twadde moannegedicht fan oktober.
Foto: Anne Heegstra
headamskampen
yn prikeljend froastwaar
omtrint op in flueske
sette er wisse slaggen
seker, om’t er wist
fan feart en greppel
sleat en welle
joech syn langstme
rynsk de romte
dochs ried ynbannich
wylst syn halen de streken
Alvemar’ en likefolle
stêden taskikten
núnderen reid en seamen
spegeljend yn kadâns
fan izers oer iis it siizjen
oant it skimer de oeren
fan de dei fersomme
en de jûn omearme
efter tadiene hikke
leit it brutsen deiljocht
it bûtlân yn dreamen
Underhûdsk
it heucht my noch goed dat ik wurke mei, ik sei mongoaltjes
fleurich foar de drumband út, ik wie se wier tagedien
mar moast my djip en djip skamje
en dat in wurd as negerzoen perfoarst ek nea net mear klinke mei
in kearske baarne foar de slaven, dat wol
en sjonge fan god's leafde is neiby
tûk is de geast en smart
roaskleurich as in piperdjoer hip krêmke
mei nije skoandere frazen, mar taal bliuwt in tin fel
Anne Heegstra is dichter fan de moanne oktober by RIXT. Ungetiidzje is har earste moannegedicht.
Foto: Geart Tigchelaar
ûngetiidzje
mennich man
gie syn ienlike gong
dei yn dei út
wike oan wike
wylst de seine song
fersliten
fuotark mei gatten
troch platwâde tiid
spikers sichtber
fan ’t sekuer
fersoaljen
hy trêde
iuwen nei âlde moade
fan hûs op ’t fiere haailân ta
yn opgeand ferweech
de seineman
temjitte
yn lêste skimer
tsjin feroarjende kime
fertige syn tinte
harhammers tikjen
ferwaaide op nije winen
Heal septimber strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.
Carla van der Zwaag en Janna van der Meer yn it Hoarnster bosk. Foto: Geart Tigchelaar
Hjoed de tredde publikaasje. It is in spoken word-bydrage fan it duo Janna van der Meer en Carla van der Zwaag: ‘duel of duet?’ Geart Tigchelaar makke it filmke en die de audiomiks.
Simen de Jong oan it skriuwen op de Folkshegeskoalle, mei op ‘e achtergrûn Ina Schroders-Zeeders en André Looijenga. Foto: Geart Tigchelaar
Twa wiken lyn strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t middeis makke waard jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.
Hjoed de twadde publikaasje: de gedichten skreaun troch de groep mei de dichters André Looijenga, Simen de Jong en eilândichter Ina Schroders-Zeeders. It gedicht ‘De driig’ fan Ina kinne jo ek yn Fryske oersetting lêze. Dy waard makke troch André.
De kommende tiid publisearje wy ek de kreaasjes fan de oare dichtersgroepen.
Ina Schroders-Zeeders
De driig
Ik zag: jouw begrip – een driig
een stoet van bleke mensen
naar het kerkhof van Sint Jan
Jij graaft nu diep in mijn versteende woorden
alsof je de ochtend zoekt
voor de tranen vielen,
alsof je weet waar de kist ligt
waar onbeweeglijk de kist ligt begraven
waar het schrijnt, het silicium knarst
op het graniet van mijn ziel
Ik zag een driig
en het waren allemaal bekenden
Vaag rook de grond naar een dag in het voorjaar
Jij graaft door het graniet
raakt de kist – bijna
Zie maar, je ligt hier niet, wil je zeggen
Maar het is september, zeg ik, het is nog te vroeg
De kraaien lachen om de vergissing
De driig
Ik seach: dyn begryp, in driig
in omgong fan bleke minsken
nei it tsjerkhou fan Sint-Jan
Do dolst no djip yn myn ferstienne wurden
lykas sikesto de moarntiid
foar’t de triennen foelen
lykas witsto wêr’t de kist leit
wêr’t ûnferwrikke de kist leit yn ’e grûn
dêr’t it skrynt, it silisium knarst
op it granyt fan myn siele
Ik seach in driig
en it wie allegear kunde
Faach rûkte de grûn nei in dei yn it foarjier
Do dolst troch it granyt
rekkest de kist – hast
Sjoch mar, do leist hjir net, wolst sizze
Mar it is septimber, sis ik, it is noch te betiid
De krieën gnize om it fersin
Oersetting: André Looijenga
Simen de Jong, André Looijenga en Ina Schroders-Zeeders yn it Hoarnster bosk. Foto: Geart Tigchelaar
Simen de JongFerslach fan in kuier
Dit hûs út rjochtsom
rûnen wy links in leane yn
en swalken oer âlde grûn
nei in heger plak dêr't
yn ’e midden skiednis pronke.
In stoere toer mei syn skip
fan reade stiennen nûge ús.
Hoewol’t de dei noch sneon
wie de doar foar wolkom iepen
en doarmen wy dêr fierder.
Sa skoan beheind waarden wy
troch de skientme fan sin en ienfâld
opnommen, ferbjustere fol betizing:
wa, wat libbe hjir, wat noch yn ús?
dat fregen we de frou dêr mei in kaai.
Sy wiisde nei rûnom de grêven
wy swalken wer links en rjochts
oer smelle paden tusken de sarken
seagen dy fan Doekens, Ruig en Cupido
âld en jong út ’e tiid, wy noch yn it no.
Optreden jûns yn it iepenloft-teaterke fan de Folkshegeskoalle. Foto: Geart Tigchelaar
André Looijengait ûnderstode wêdenboek
noardkant de tsjerke fan Hôane
ha se burgen ûnder ’t tsjerkhouspaad
lânferhuzers fan de Wilhelmsburg
sûnder nammen wei yn frimde groon
op har grêf stean ’k wiis te praten
it poartsje net fan de noarmannen
wiis ik oan, oait ynstood yn ’e dune
hear ik oer in omke dy’t bleau op see
oer de hôs dy’t de lykwein lûke
op ’e smelle haadwei, hynders dy’t
by mim of poeë yn dream ferskynden
lear ik, foarsei ynkoart begraffenis
tusken dúnsân en it skowend waad
dizze streek, betink ik, dêr’t ôde wêden
as spoaren yn de seadde bliuwe
Aasterse luuden út it wurdboek dold
wy libje, wy fernimme, bewarje
as goudjild yn seeljus bûsen naaid
Taljochting:
It gedicht fan André Looijenga is skreaun nei in besite oan it âldste gebou op it eilân, de midsiuwske tsjerke fan East-Skylge, yn it selskip fan Ina Schroders-Zeeders en Simen de Jong. Op it tsjerkhôf kamen de ferhalen boppe fan it emigranteskip Wilhelmsburg (fergien yn de nacht fan 3 op 4 desimber 1863), fan oare drinkeldeaden, en fan de driig.
Under it Nederlânsk dat de eilanners tsjintwurdich meast prate sit noch de laach fan de âlde eilântalen. De Aasterse wêden (wurden) binne foar in part te finen yn it ‘Woordenboek van het Oosterschellings’ fan C. Roggen (Fryske Akademy 1976).
Ilse Vos, Jolanda Gooiker, Simon Oosting by Kaap Hoorn. Foto: Geart Tigchelaar
Twa wiken lyn strúnden tsien fêstelândichters fan RIXT mei fjouwer eilândichters in dei oer it waadeilân Skylge. Dat diene se yn fiif groepen en ûnder lieding fan in eilândichter. Dy brocht har/syn groepke op bysûndere plakjes yn de buert fan Hoarn. Under de titel Waailân waard de poëzy dy’t dy sneons makke wie jûns yn it bûtenteater fan de Folkshegeskoalle oan it publyk presintearre.
De earste trije dichters fan wa’t it optreden no bewurke is ta in online presintaasje, binne Ilse Vos, Simon Oosting en Jolanda Gooiker. Jo kinne harren bydrage hjir besjen. De kommende wiken publisearje wy ek de kreaasjes fan de oare groepkes.
Geart Tigchelaar makke de filmmontaazje, Ilse Vos de audiomiks.