headamskampen

‘headamskampen’ is Anne Heegstra har twadde moannegedicht fan oktober.

Foto: Anne Heegstra
headamskampen

yn prikeljend froastwaar
omtrint op in flueske
sette er wisse slaggen

seker, om’t er wist
fan feart en greppel
sleat en welle

joech syn langstme
rynsk de romte
dochs ried ynbannich

wylst syn halen de streken
Alvemar’ en likefolle
stêden taskikten 

núnderen reid en seamen
spegeljend yn kadâns
fan izers oer iis it siizjen

oant it skimer de oeren
fan de dei fersomme
en de jûn omearme

efter tadiene hikke
leit it brutsen deiljocht
it bûtlân yn dreamen

 

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre. Fereaske fjilden binne markearre met in *