Anne Heegstra is dichter fan de moanne oktober by RIXT. Ungetiidzje is har earste moannegedicht.

ûngetiidzje mennich man gie syn ienlike gong dei yn dei út wike oan wike wylst de seine song fersliten fuotark mei gatten troch platwâde tiid spikers sichtber fan ’t sekuer fersoaljen hy trêde iuwen nei âlde moade fan hûs op ’t fiere haailân ta yn opgeand ferweech de seineman temjitte yn lêste skimer tsjin feroarjende kime fertige syn tinte harhammers tikjen ferwaaide op nije winen