Fan 1 augustus oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde silger. De 50 dichters sitte dêr lykwols net tagelyk, mar alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.
Alles hat in skoft stillein fanwegen de koroanakrisis, dat no wol it kollektyf inoar wer opsykje. Gjin better plak dêrfoar as it Arkje en gjin bettere aktiviteit as mei-inoar wurkje oan in gedicht.
Yn augustus is Cornelis van der Wal de saneamde Dichter fan de moanne. Hy sil it spit derôf bite troch de earste strofe te skriuwen, dêr’t it groepke op saterdei mei fierder giet. De ‘Rigel fan Rink’ dêr’t Van der Wal mei begjint is:
‘De mar nimt de bui net.’
Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.
It groeien fan it gedicht kin thús folge wurde, mei’t Omrop Fryslân alle dagen nei it Arkje bellet. Dat is troch de wike om 15:40 oere en yn it wykein om 17:40 oere.
As ôfsluter wurdt it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De Skriuwersarke fan de yn 2001 ferstoarne Fryske skriuwer Rink van der Velde is yn behear fan It Fryske Gea en Stifting FLMD. It Dichterskollektyf wurdt dy wike fan drûch en wiet foarsjoen troch de Poiesz út Boarnburgum.
Wat: Rigel fan Rink, Dichterskollektyf RIXT op de Skriuwersarke
Wêr: De Skriuwersarke, De Feanhoop
Wannear: 1-7 augustus op it Arkje.
- freed 31 july om 15:40 oere te hearren op de De Middei fan Fryslân.
- 1-2 augustus om 17:40 oere te hearren op Sneon fan Fryslân en Snein fan Fryslân.
- 3-7 augusts om 15:40 oere te hearren op de De Middei fan Fryslân.
- 8 augustus de jûns ôfsluter yn Kafee Marktzicht, Aldewei 14, 9203 AG Drachten
Tagong: Besite op de Arke is op ôfspraak fanwegen koroanamaatregels.
Nim kontakt op mei RIXT foar fragen of om del te kommen.
Hâld der ek rekken mei dat by Marktzicht beheind plak is.