Janna van der Meer (1969 Aldegea SWH) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de Universiteit fan Grins. Dêrnei wurke se yn ferskillende managementfunksjes bûten Fryslân. Skriuwen wie in hobby. Har memmetaal spruts se allinne mei de kat.
Ienris werom yn it heitelân besleat se yn it Frysk te skriuwen: ‘En mysels tichteby te dichtsjen.’ Dat resultearre yn de bondel Wêzen, dy’t yn 2017 útkaam by útjouwerij Bornmeer.
Op dit stuit is se freelance tekstskriuwer.
www.jannavandermeer.nl
Yn har syktocht om har sa eigen mooglik út te drukken, brûkt Janna njonken taal ek bylden. Yn de simmer fan 2020 wurdt in seleksje fan har foto’s útstald yn galery It Fotolokaal yn Tsjerkwert. Dy foto’s binne ynspirearre op ûndersteand gedicht.
Ynstjoerde gedichten
Duel of duet (oktober 2020)
skepsel fan ûnder de tekkens riist it skepsel skonken stinne swier fan sliep lapen falle fan ’t omwuolle liif dat yn it tsjuster skûle wekker wurde sûnt stjoerman holle juster it hêft út hannen joech en ik my glydzje liet yn ’e wide see fan dreamen dêr’t ús lytse libben yn om dobberet en ik my oerliet oan ’e tinzen dy’t as nuvere fisken dat wetter bewenje en elkoar sykje en fine op wizen dy’t net spylje yn ’e logika fan ’e dei wie ik wei wie ik wer no fiel ik my roppen troch it ljocht en sjoch in nije moarn noch mei fochtich flewiel beklaaid it sêfte riizjen fan ’e sinne aansten drûget er mij wer yn ’e foarm dy’t ik foar dit libben yn dizze wrâld oannimme moat elke dei elke nacht itselde liet © Janna van der Meer