“Middels de ynkongruïnsje fan neo-romantysk/ympressionistyske ‘moaie’ wurden en as by tafal garre allúzjes mei it analytysk dekonstruearjen fan taalark en sintúchlike werklikheid siket A.R. Looijenga (*1982) om in ûnwennige metafysika tusken de rigels troch.” Sa ûngefear miskien. Omdat proaza sóks opsmyt, poëzij dus. In keunstfoarm út oertsjûging, net út regressy nei de bernejierren is it Frysk foar my. In troch dy taal net altyd beäntwurde leafde.
Om ús platte heitelân nei de Parnassus te lieden, haw ik my oansletten by ‘Rixt’. En omdat hjirûnder alles skurf is, en úteinlik stikken giet. Filolooch, learaar, oersetter, polyglot, redakteur Ensafh, stilsittend reizger. Rely 2017.
Ynstjoerde gedichten:
Kijsteddfod (29 septimber 2017)
Moderne maaie (29 maaie 2018)
Wy binne wolf (16 augustus 2018)
Achter de Hoven (31 augustus 2018)
Gilgamesj yn Huzum-West (10 jannewaris 2020)
It ûnderstode wêdenboek (oktober 2020)
KIJSTEDDFOD de flaggen wurde wer opteard de beitste mêsten op ’e oanhingwein om yn ’e opslach oant takom jier; kinst in soad sizze fan ’e Warns-betinking mar se bin effisjint yn it oprêden: gjin healoere nei it lêste o Fry-hy-ske grûn is dy griene bult wer fan ’e kij yn in waadgebiet fan gers is it Klif in terp, in eilân, in grêfheuvel in pear oerkes jiers mei flaggen op ’e holle kening Redbad syn Stonehenge of sawat – tsjin ’e griene skeante plukjes kij wjerkôgjende druïden swije yn poëzij op in merke sûnder sweef of matinee hâldt de blaasmuzyk de fleur deryn priizge wur’ de bêste kij fan d’ ierde al stiet har twilûdich loeien weroan botte faai op ús alpegreide troch blauwe mar omklamme leauwe wy dat wy bliuwe striede en op ’e flaggen wurdt goed past dy stelle nea teloar