Novimber 2019
sizzen is neat
Sizzen is neat is Jan Kooistra syn earste moannegedicht fan Novimber. Sizzen is neat ik lies lêsten dat de Dichter des Vaderlands it tsjuster meitsje wol yn ‘e bosken en dat Greta Thunberg autistysk is, dat de Koerden alles mar wer achterlitte wie okkerdeis yn Sachsenhausen hearde dêr ôfgryslike ferhalen ik seach in jongeman …Oktober 2019
heale moanne
Dit fers is skreaun nei oanlieding fan ’e sitewaasje yn Ruinerwold. It is Tryntsje van der Veer har earste moannegedicht fan oktober. heale moanne yn ljochtskyn swartblau in huver heal myn hert fan rûchte raaien heapen dridze yn in droaneflecht it hûs de skuorre it hiem ûntsletten hiel myn holle fol fan bedriuwen it …útstel op útstel
De gaos om de Brexit hinne ynspirearre Tryntsje van der Veer ta it folgjende gedicht útstel op útstel tiid of gjin tiid is de fraach no’t it eilân fierder swimt ûnwissens de oerhân hat bûtengrinzen net skowe it stimmen weistimd tiid of gjin tiid is it antwurd no’t de lytse man ropt wif syn …Septimber 2019
Cambuur thús
Anne Feddema is dichter fan ‘e moanne septimber, dan hat er ek syn jierdei. Hy fûn it moannedichterskip foar RIXT in moai kadootsje foar himsels. Cambuur thús Dizze jûn freed Stiet de wyn Diskant op Yn it stadion Giet it need Earne op ’e tribune Moat in pausarius sitte Grutte tromme Slach nei slach Stimroeiers …Wrâldrekôrs
Twadde Moannegedicht fan Anne Feddema, dichter fan septimber. Dit fers haw ik skreaun nei oanlieding fan in berjocht yn it moarns betiid krantsje Metro, yn’e trein fan Ljouwert nei Harns…yn rekôrtiid sels. Wrâldrekôrs Och heden…hjoed In nije edysje fan Guiness World Records Alle dagen wedstriid rees Eartiids…’ The Guiness Book Of Records ‘ Tsjintwurdich mear …Papel Solo
It tredde moannegedicht fan septimber fan Anne Feddema. Papel Solo Al dagen hie ik se sjoen De kloft wiersistersusters By de Sevillaanske katedraal Swaarmjende Sibillen Jild is har taal Hast fjochtsjend Om de geunsten Fan ’e takomstoerist Se hawwe gjin Reade holdoekjes Grutte earringen Gjin bol fan glês Hja drage Kappaklean Cervezasynikus yn my seit: …Russysk mearke
Anne Feddema, dichter fan de moanne Septimber, hat it no folgjende fers, syn fjirde moannegedicht, foarlêzen by IepenUp Live fan 18 septimber. Russysk mearke Tsaar Peter Slepte op in matras Folle mei Bojareburden Dat lei lekker sêft Sa’n Bojareburd Better bygelyks As Bojarekoppen Dy binn’ bonkehurd Mar op in nacht Waard Peter wekker It matras …Augustus 2019
Hiroshima, 6 augustus 1945
Earste moannegedicht augustus fan Sytse Jansma Hjoed, 6 augustus, is der yn Hiroshima de betinking fan de atoombomramp yn 1945. De uraniumbom ‘Little boy’ waard op 9500 meter hichte boppe de stêd los litten. Under de oanfal hie de stêd sa’n 255.000 ynwenners. Doe’t de ‘a-bomb’ om 8.15 oere eksplodearre, kamen frijwol drekst 78.000 minsken …Twa skeppingsgedichten
Sytse Jansma syn twadde moannegedicht fan augustus. De Amazoane stiet al skoften yn ´e brân. Hoe kin it dat der no pas omtinken oan jûn wurdt yn ´e media? Ik wie rekke troch de reaksje fan Juarez Saw, in man fan de Munduruku-stam yn de Amazoane. Hy freesde foar syn libben. Sjoch nei it filmke …July 2019
Famke ûnderweis nei it weeffabryk / Meisje op weg naar de weeffabriek
Earste moannegedicht fan Job Degenaar. Sa no en dan docht Unicef tiding oer bernearbeid, dat yn ‘e measte lannen ferbean is. Oer de hiele wrâld besjoen wurdt de situaasje stadichoan wol wat better, mar noch altyd wurdt fan 11 procent fan alle bern, sa’n 260 miljoen yn totaal, it rjocht ûntnommen nei skoalle te gean. …Continue reading "Famke ûnderweis nei it weeffabryk / Meisje op weg naar de weeffabriek"
Wytman yn Dakar / Witman in Dakar
Twadde moannegedicht fan Job Degenaar: Hoe fielt dat no, as swarte man of frou yn in hast folslein wite mienskip? It is in situaasje dy’t no stadichoan út Nederlân ferdwynt. Ik ha yn myn libben as NT2- dosint in protte nijynkommelingen begelaat en ik fernuvere my soms oer har. Afrikanen dy’t yn it hjitst fan …It boreale slangeparadys / Het boreale slangenparadijs
Tredde moannegedicht fan Job Degenaar Lûk it âldfrinzige wurd ‘boreaal’ út de ferjitdoaze en fansels krigest alderhande begripen en ideeën yn ‘e holle: Baudet, Wilders en noch mear rjochts populisme yn Europa. Yn dizze tiden stekt dat ferskynsel de kop wer op en it is krekt as binne wy te ferheard, te sleau om de …Continue reading "It boreale slangeparadys / Het boreale slangenparadijs"
Opmjitte foar in skulpdier / Opmaat voor een schelpdier
moannegedicht 4 – Job Degenaar Yn ‘e bocht by Surch, deun by de Ofslútdyk is in strantsje dêrt’st net swimme kinst, it is der fierstente ûndjip en it leit der fol mei waaddrek. Mar it is der prachtich en fielst dy fuort ferbûn mei alles wat dêr yn stilte plakhat: it wetter, de ielguozzen, de …Continue reading "Opmjitte foar in skulpdier / Opmaat voor een schelpdier"

