It twadde moannegedicht fan Elmar Kuiper, dichter fan de moanne jannewaris.

In snjit joadium Donald kin samar oer de râne fan ’e ôfgrûn kiperje, yn ’e bedelte om memmy roppe en noait wer by de berch opklauwe. Koloanjes baktearjes meitsje in fyn slyklaachje by de drompel ûnder it dûsgerdyn. Vladimir keapet in preferinte Fryske hynst. Theresa lit in ferkeard wurd falle. Franciscus wrot him fêst yn it grom fan ’e tiid. ‘Folk,’ ropt Boris en stoarret yn ’e spegel, dêr’t tinzen as leavehearsingeltsjes skûlje. Yn ’e tearen fan Shinzo Abe krûpt it hertsear. Der kaam net ien werom op ’e basis. Efter in stielen gerdyn jankt er in stille oseaan fol. Mark bout in hiele waarme sliepdoaze foar syn Priscilla. Yn in kluster of dize fan skytlytse dripkes driuwe firussen. Merkel rydbosket. Macron faget in krommel fuort. De ierde is in spierbal en de plom oan ’e kime in pronksike sturt. Rutte makket in selfy, Xi Jinping tikket mei in refleks- hammer tsjin it porslein. Kim Jong-un mjit de wjukken fan in ingel. Kuiper hat de mûle yn beide hannen, pûlket oan de hûd, docht in snjit joadium op ’e wierheid.