It tredde moannegedicht fan maart fan Carla van der Zwaag

PrrrrrTuuuu PrrrrrTuuuu Ien twa PrrrrrTuuuu ien twa of is it prrrrtieee ik kom der mar net efter it lûd wurdt al wer ynhelle troch in oar lûd Puumpuumpuum Puumpuumpuum in hammer slacht my yn de breinpanne om folge troch in trein dy’t myn iene ear yn rydt in rûntsje makket troch myn holle in ambulânse rydt dêrnei mâlgûlend fan kwabbe nei kwabbe Br br br Br br br myn tosken klepperjen lippen trilje sêft as de drilpudding dy’t ús mem eartiids op tafel sette mei myn gebit stiif opinoar betink ik bytiids lit los lit los lit alles los en ik ûntspan efkes oant de drilboar syn wurk begjint Trrrrrrrr trr trr trr it liket wol oft ik by de toskedokter yn ’e stoel sit efter yn myn mûle slok ik omraak flibe de jokte yn fuotten, noas en yn ’t hier besykje ik der mei myn geast ûnder te krijen It kabaal wurdt mei eardoppen en Arrow Classic Rock op de headset mei wikseljend súkses te liif gien de befrijing bart rôljend út it skûlliif fan de MRI.