Iensum

Op 4 maart 2020 lies Dichter fan de moanne maart Carla van der Zwaag it fers Iensum foar by IepenUp. It tema wie ‘Iensumens’. Dit is har earste moannegedicht.

 

Foto: Omrop Fryslân
Iensum

Ik swim rûntsjes
Tusken wjirjend wier en
Stiennen hûske

Ferrinnewearre slacht myn hert 
Grien bemoaze út

Yn beslein finsterglês
Skowe minsken troch it byld
Ik krij op tiid myn wiet en drûch
Folgje harren mei ferwielene loaits

Drinzge fan it leauwen;
Alles komt goed
wachtsje ik op de kattepoat
Dêr’t ik myn libben einlings
Oan jaan en bediele kin.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *