Sizzen is neat is Jan Kooistra syn earste moannegedicht fan Novimber.

Sizzen is neat ik lies lêsten dat de Dichter des Vaderlands it tsjuster meitsje wol yn ‘e bosken en dat Greta Thunberg autistysk is, dat de Koerden alles mar wer achterlitte wie okkerdeis yn Sachsenhausen hearde dêr ôfgryslike ferhalen ik seach in jongeman dy’t gûlde seach in hiel soad skiere roeken ik hearde de echo’s yn ‘e fierte woe ferhúzje nei in doarp dêr’t de stjerren noch te sjen binne dêr’t simmers sweltsjes fleane en winterdeis de ûlen op de bynten sitte soms soe ik de moed ha wolle fan dat frommiske út Sweden en it tsjuster út de bosken helje wolle dy ferhalen wer fertelle en dy falske razers fan ‘e troanen stjitte mar ik kin better net jûns let de tún ynstappe en omheech sjen nei dy ûneinich skitterjende loft dan bliuwt der neat mear oer dan as in jonkje triennen litte