Sipke de Schiffart is dichter fan de moanne desimber by RIXT

generaasjekleau ús heit wie in âlderwetske boer, hy gong moarns om healwei fjouweren oan’ t wurk en ferwachte fan my itselde mar ik wie in heale ieu jonger en gong jûns let op bêd, nei’t ik sjoen hie nei Veronica en de VPRO, dêrom kaam ik moarns letter fan ’t bêd ôf no tink ik: tusken fiif en seis oere derôf komme, dat is noch altyd tige betiid foar in jonge fan om de tweintich hinne moarns ier fierde ik in striid om wekker te wurden, alle moarnen waard ús heit lilk op my, omdat ik net avesearre op in moarn (no tink ik: middenyn de nacht) yn desimber 1980 kaam ús heit om healwei fjouweren oan myn bêd mei de meidieling dat Mick Jagger deasketten wie yn New York it berjocht hie it winske effekt: ik wie fuort sa wekker as in hazze, tefreden gong ús heit werom nei de stâl om it fee te fuorjen mar doe’t ik op de wekkerradio hearde dat John Lennon delsketten wie, net Mick Jagger, draaide ik my nochris om en foel wer yn ’e sliep
No tiisdeitemiddei 17-12-19 sil Sipke de Schiffart foarlêze by it krystbarren fan de personielsferiening fan de Fryske Akademy.
It hiele fenomeen komt my bekend foar. Us heit en dy hiene ’n op solder in trekker claxon ynstallearre, de hiele húshâlding waard der wekker fan, mar myn broer draaide him nochris om.
Karakteristyk foar broers? Myn âldste broer naam séls it inisjatyf om him net te fersliepen: de wekker – sa’n grutten mei in hammerke en twa grutte bellen – én myn knikkerts yn in porsleinen itensboard. De hiele strjitte wekker, myn broer net.